Part 5
EBROÏM. Myn hear is Goades feint en Kristus frjeon— Dat is syn rom en krêft, in boarch dy’t al Syn hoopjen draecht, en ’t wêzen fen syn hert. Sa woartlet eltse steat yn eigen groun, En leit dy wif, sa skoddet hiel de went, En maklik falt hja del yn gruzich pún. Net oars, det Fryslân great waerd yn de tsjinst For Odin’s each en Frigga’s ljeavend hert, En ûndergiet sadré’t hjar tempel sinkt. Myn hear leaut oars as syn trochlofte frjeon, Mar hy earbiedget dat. Yet mear: hy wit Det dêryn rêst syn greatens en syn rom, Dy’t ek myn hear fornoeget yn syn hert.
THIED. ’t Is bjuster moai. En nou: hwet wòl dyn hear, Det hy fol soarch ús dit sa krekt fortelt?
EBROÏM. Yn Fryslân hâldt in great misdied’ger ta, Stjûrd fen de Divel sels; dy ’t Kristlik heil Misbrûkt yn tsjinst fen syn forflokt gewrot; In man, dy’t folk mei swiete wirdkes bynt En ’t lân forpestet mei syn tsjoenderij; Fen siele siik, de hel yn ’t hert; hwaens tael Fol falsk gedweep, mar frjemd oan Kristus sels, It folk forliedt ta grousum heechforrie Oan ’t egen lân, ja: ’t opropt yn de tsjinst For Inglâns foarst, dy’t longret nei dit lân!
RADBOD. Hwet seistû dêr? Dat ’s nij!
THIED. ’t Wol my wol oan: ’t Wier gûchlerij, hiel dat oerstjûr gedweep. ’t Is goed det wy dit hearre. Gean dyn gong.
EBROÏM. Myn hear seit jim: it is dy selde man Dy’t my bistookle hat, nou tsjien jier lang; Dy’t my birabbe en húnde, dy’t myn folk Oanhise ta forset tsjin d’ egen foarst; Myn slimste fijân, út de Hel forriisd Ta striid tsjin dit biwâld dat God my joech— Dyselde man giet frij yn Fryslân roun. En om’t ik wit, ho’t frjeonskip ús forbynt Mei mienskip fen bilang—him stjûrt de dea Nei jim èn ús—en ho’t it wijd fordrach Us bynt yn frede en mylde ienriedichheit, Sa stjûr ik goud en ljocht jewiel, en ’k bid Jim wizens, my to foegjen yn myn winsk, Us lân ta heil, ús frjeonskip ta in boarch— Ban dy misdied’ger fen jim oarden wei, En leevrje my dy flokte tsjoender út.
YDWINE. O skandlik útstel! Tinkst det Fryslân’s hear Om leffe ginst hwa’t hy as gasten rôp Forriede scil for blinkend goud, for jild?
THIED. Ydwine, swij. In bernlik fanke as dû Hat gjin bigryp oer sok in ryksbilang.
YDWINE. Foarstinne, ik wit hwet goed en earleas is, En hwet dy man hjir seit, is skande-tael.
RADBOD. Hear net nei hjar—hjar stimme is sûnder krêft. Ik rekk’nje my gjin frjeon fen hwa’t dy stjûrde, En iepen siz ’k, ik haw in hate yn him, Om’t hy for Kristus bûgt en Fryslân’s ryk De dea dwaen wol—né, sprek myn wird net tsjin— Mar ek dy preester haetsje ik in myn hert, Syn tael is my fenyn, syn dwaen in ûnk Fen Hela sels nei Fryslân’s oarden stjûrd, En ljeaf is my syn fal en bliid syn dea: En dêrom scil ’k, al ha ’k ek hate yn jim, Dy foar de kening stypje mei myn wird.
THIED. Sa scil ek ik; syn delfal is my nocht.
YDWINE. Bin dit myn beppe en broer? Hat hate den Eltse ealens út hjar siel fordreaun? O lok Det net by jim de krêft leit ta bislút! Det hy dy’t nou it lân bistjûrt, myn Heit, Great is fen siel en op gemienheit spijt!
RADBOD. Dû neamst ús dwaen gemien? Wit hwetstû seist!
YDWINE. Wit hwetstû dochst! In griis en krêftleas man Nei heite winsk komd yn ús lân, scistû In flaeikjend kening yn de boalshân jaen! Fij Radbod, fij! Ik tocht dy great en heech— Ho falstû yn dyn domme, ûnweard’ge haet! En beppe Thied, ek jy? Sa’n minne died Bifoardrje jy en stean jy foar? Bin dit Dy’t Walhal hoedzje scil tsjin fal en dead? ’t Mei sinke yn pún, as sok in godleas dwaen It hoedzje moat en nije krêften jaen!
RADBOD. (foar Ydwine, forwoedend, driigjend) By Thor, swij stil ef ’t is dyn lêste moarn!
DE BOADE. (by de yngong) De kening kindiget syn komst jim oan.
10. _Aldgillis_, yn ornaet; _Jûle, Bernlef, Holder, Ydwine, Radbod, Thied, Ebroïm;_ op ’e eftergroun _Wilfrid_ en _de Pylger._
EBROÏM. (mei djippe bûgings) Geneed’ge kening, for hwaens each nin tsjoed Noch tsjuster mear bistiet, hwaens rjuchtlik moed Misdiedigens kastijt, en foarstlik lean Forseit for tsjinst, út ljeafde en earbied bean, Hwaens ljochtsjend each dit tierich mêd oergiet As sinnelaits oer iiz’ge Noarder-ierd’, De Himel leanje jo nei wearde en trêft Mei swide foarstlikheit en iivge krêft!
ALDGILLIS. Hok swiete tael! ’t Kin mei hwet minder ta. Niis hearde ik fen jins komst, en ’k hope sa, Jy brochten my in frjeonlik wird, dat bliid Fen frede en broerskip wier en sûnder niid: Do lústre ien my ta, in griis âld man, Him eange dêr hwet swiers en dûnkers fen. Dos Hear, nim my dy twivel ôf, en ’k scil Jo tsjûgnis jaen ek fen myn frjeonskipswil.
EBROÏM. Forjow my, Hear ... jins wird forbjustret my... Mar ’k swar ... by Odin’s greatens...
WILFRID. (nei foaren, foars) Skamje dy!
EBROÏM. (sabeare yn deadskjeltme) De tsjoender! Hill’gen, bid for ús! Jaen ljacht! De hel brekt los! Hy bringt de dea, de nacht! Tobek, dû hellegeast... Myn tong lûkt gear... Forflokte tsjoenderij!... Ik kin net mear...
RADBOD. Gjin noed, hâld út. Ik haw myn krêft, myn swird. Dat hoedet goed, it is de hel to hird. ’t Wearstiet it better as it krús. Siz frij Dyn boadskip út. Myn swird is boarch for dy. Forflokt hwa’t tinkt det dat gjin feil’gens jowt!
YDWINE. (klear en heech) Feilich is inkeld hwa’t op God bitrout.
DE PYLGER. (nei foaren komd) ’t Is eft in nij ljocht oer jins antlit leit...
YDWINE. Noch skamje ik my oer egen neatichheit. Mar moat troch skande en misdied Walhal stean, Den scil ek ik nei Krist’ne Godshûs gean.
(_Opskoer. It doek lûkt ta_.)
KOAREN.
Op it foartoaniel tsjin de eftergroun, amper to sjen yn hjar blinkende wite klean, seis elfen, dy’t de koaren sjonge. By de ein fen de strofen fordwine hja wer en komme, mear nei foaren, seis Fryske ealfamkes op, dy’t de tsjinkoaren sjonge. Allinne yn de slútstofe rane de lûden fen elfen en famkes gear.
KOAR. Idoene swiete Idoene, Hwêr is dyn keinens gien? Tomiddei en tojoune Ha wy to biidzjen stien; Nou rize wite ljochten En yette bliuwst ús fier, Ho’t wy dyn keinens sochten, Blomt kiezend for dyn hier.
Idoene, swiete Idoene, Dyn wjitt’ring rûzet myld, Fen wite glâns oerroune Ut Himel’s freedsum byld; Dyn wite roazen sleaten Hja dimm’ne tsjelk al ta— Hja dreamden en forgeaten, O ho ûntdriuwst ús sa?
TSJINKOAR. Yn Fryslân giet Ydwine Hjar heite stinzen roun; Lit ús hjar roazen wine, Yn wite rigen boun. ’t Hôf rûzet fen hjar dreamen As dêr de jountiid giet, En oer de ljochte seamen Dêr giet in wûnder liet.
En wei yn sêfte tinzen Giet hja de paden lâns, En wit hjar siele finzen Fen nije, iivger glâns. En wûndre dreamen tine Mank d’ ûnrêst fen hjar hert, En dreamend giet Ydwine En ken hjarselme net.
KOAR. Idoene, swiete Idoene, Prins Baldur bidet dy. Hy núndret dizze stoune Syn lieten sêft en blij— Gean mei him as de sinne In goud’ne strieling spraet Hy biedt dy swiete minne Dy’t nimmen talein waerd.
Idoene, swiete Idoene, Ho blau is Baldur’s each! For him bûgt as oerwoune Hwa’t yn hjar noeging seach. Der is gjin dei noch dûnker, Hwent Baldur hat dy ljeaf— Sjuch ho’t in wyt geflûnker Stil dounset oer it leaf.
TSJINKOAR. Uneinichheit fen weagen Giet griis en skomjend roun; Lûd gûlt de wyn; foar d’ eagen Bin kym en wiet toroun. Dêr dûkt mei skiere strânnen Biskomme in eilân op; De sé ropt oer dy lânnen Yet fier syn frjemde rop.
O wûndre greate widens! Ydwine sjucht dy gean, En wit, hjar jonge blidens Moat earnst en striid forstean; En dôch, hjar eagen blinke As yn in great geniet, Eft mei in godlik winken In wûnder lok hjar liedt.
SLUTKOAR. Yn ’t oanbigjin laei d’ ierde Yn wylde streamen wei; Men koe gjin geaën skiede; Der wier gjin nacht, gjin dei; Do briek in strieljend wûnder De skiere oerskomme romt, En twong de grizens ûnder: Do wier de Ljeafde komd.
(_Ofgong. Foar it foartoaniel sakket it gerdyn_).
TREDDE UTKOMSTE.
_1. Thied, Radbod._
THIED. ’t Ljocht sljurket as in stream de greiden oer, En driuwt de skaden strieljend foar him út. ’t Is simmer-heechtiid dy’t de loften tsjoent Yn glânzen fen klear blau, de wâld’ne grien Fen stil geniet ienlûdich núndrjen docht, En ’t húvrich gean fen mar en greater sé Mei fûnke-rein fen strieljend goud oerstout— Al giet de tiid, al is it hier nou griis Dat ienris dert’ne yn jonkheitsdream en nocht, ’t Is treast, det hwet ek stoar, ús godlik lân Sa kein en ljocht en jong-yn’t-wêzen bliuwt.
RADBOD. Sa jong as hja hwaens berte-feest dit is, Mar ek Ydwine yn fal en sikens lyk.
THIED. Ydwine fallen, siik? Hast soarch oer hjar?
RADBOD. It jowt my neat, ef ik ’t mysels ûntstriid. Dat wird fen hjar, by Ebroïm syn komst, Hjar swijsumheit by ús biwende bea, Hjar oanhâld by dy preester en syn feint, En mear, safolle mear... Ik fiel it djip, Hiel djip en klear, as hja sims by my is, Hja is in oar as hwa’t myn sister wier, Mei Bernlef lake en eltse deitiid song: De dwylsin taest hjar oan, hja giet forlern. Sei beppe...
THIED. Radbod?
RADBOD. As ek dat sa kaem... Hja wier my nei, eartiids, ik hie hjar ljeaf... Mar as hja ’t krús nou keas, wier hja, sels hja Yn iivgens den forlern?
THIED. Hja wier it, soan.
RADBOD. ’t Is swier, sa swier, dy kroane fen ús striid. Né, twiivlje net: ik joech myn great ûnthjit, Ik bliuw yn iivgens trou. En sims ek, jouns, As stoarmwyn geijend troch de loften strûst, En ’t wolkenklaed yn wylde flarden skoert En ’t West yet read is fen in streek fen bloed, Den riist der hate yn my, in floed sa sterk, ’k Bin strider, twinger, moardner as it moast— En oars, oars neat. Den bin ’k gjin minske mear, Mar sels in wolken, stoarmjend mei de wyn, Oer mieden, griis en slûch, oer rûzich wâld En boppe ’t boldrjen fen de ûnlijige sé... Den bin ik sterk, en ’k ha geniet, en ’k wit. Mar nou as ’t ljocht, in strieljend wûnder lyk Sa stil oer d’ ierde siicht, as ’k blommen sjuch En fûgels sjongen hear, sa jong, sa nij— Den tink ik wol: hwet wirdt prins Radbod âld, It bloeit, oeral, mar nearne is blomt for him, ’t Is ljocht, rounom, mar yn syn eagen net. Dat is sa swier, sa bang...
THIED. Dat is de striid Dy’t my myn libben weagen die as lead, Mar dy’t ik ek for ’t ljocht net roalje woe.
RADBOD. Ik wol it ek. Ik bring ’t ek wol sa fier. Twa, trije jierren yet, en ’k siz ’t jo nei. Faeks moast ik jo net pleagje mei myn leed, It tôgje yn iensumheit. Mar ’t rommet sa En ’k wit ho’t jy myn herte aloan forstean...
THIED. Unthâld dat, Radbod. Siz my al dyn noed. Hjar dy’t safolle al fytrje moast, is ’t hiem.
RADBOD. Myn langstme barnt my sims as longrich fjûr. It fret myn krêft en sterke striidsin wei. Ik kin ’t gjin master wirde. ’t Gûlt yn my As ’k gean moat as in biddler earm en kâld, As ’k neat fyn dat my ljeaf hat, neat dat gol My treastget mei in myld en frjeonlik wird, As ’k hymje moat det ljeafde’s goad’ne-ginst My nea wer nimt yn ’t noegjen fen hjar nocht— ’k Bin iensum, keal en neaken as in rots Yn ’t wylde bearen fen de skûmm’ge sé, Mar djip dêryn, dêr siedt in hert fen fjûr... Dat makket det ’k mysels net stjûre kin. Myn krêft brûz’t as in berchstream yn my op, Hja fynt gjin wei, ik mei mysels net jaen, En brekt it ienris los, den bringt it dea En eangst en tsjuster dêr’t syn woede oer strûst...
THIED. ’t Is goed, as ’t mar it krús yn splinters slacht.
RADBOD. Wé den Ydwine, as dy dêrnjunken stie! Sims haw ik hate yn hjar. Hjar sels-bitwang As wist hja hwet in oar yet riedling bleau, Hjar sels-rêst is my frjemd, en driuwt my op Yn ’t witten fen myn wiffe twivlichheit. It siedt yn my as ik hjar kâldens fiel, Sa’t s’ oaren, frjeonen, lijen docht as my, En glimkjend yn hjar wûndre freedsumheit Hjar libben leegren, biddlers, slaven wijt, Wylst wy to klomrjen stean yn langst en leed...
THIED. Hwet woestû sizze, Radbod?
RADBOD. Beppe, dit: Ydwine ljeavet ien. En Bernlef net.
THIED. By Walhal! hwa?
RADBOD. Wirdt net to kjel: in feint Dy’t as in biddller doarmet troch ús lân En kralen telt en knibblet for it krús: De dweper dy’t dy gûchler selskip hâldt.
THIED. Forflokt! O goaden, goaden...
RADBOD. ’k Eange it wol. Ik seach it lang ûntstean. Hja wier as iis As Bernlef kaem en glimke by syn gean, Mar ljeafde ljochte yn ’t each as syn trêd klonk. Ik haw in hate yn him. Der is hwet frjemds Yn al syn dwaen, hwet triljends yn syn lûd, In heimnis, frjemd as tsjoenderij, en dochs...
(_lústerjend:_)
’t Is wierheit, skrikbre wierheit, ’t is gjin waen... Hwet keart him tsjin? Ydwine hat him ljeaf, En heit dy’t berte en stân as weardleas telt, Lit as Ydwine it as hjar lok biswart, Myn sister faeks dy greatste skande frij...
THIED. Nea! Odin’s wizens hat dy skrikbrens keart!
RADBOD. Hwet, keard? hwertroch?
THIED. Dyn heit is boun, dêryn.
RADBOD. By Thor, fen hwet?
THIED. Boun troch in great ûnthjit. Hy mei syn dochter inkeld Bernlef jaen.
RADBOD. Hwet! is dat wier?
THIED. Lang lyn, yn oarlochstiid...
BOADE. Foarstinne, as ’t jins herte haegje mei, Frey’s preester bidet for de moarntiidsgroet.
THIED. ’t Is goed. Ik haw him nedich. Lit him yn. Fen him scilst hearre hwet hy mei my wit: Aldgillis syn ûnthjitting. ’t Is my bliid Det ik dy hjiryn dochs bimoedgje kin.
2. _Thied, Radbod, Preester._
PREESTER. God Frey, dy’t seinjend troch de loften rydt, De goud’ne, laitsjend yn syn striele-wein, Mei ek dizz’ dei jo bystean mei syn glâns!
THIED. Haw tank. Ik hie in lyts forsiik oan dy.
PREESTER. Hwet ús foarstinne nolk is...
THIED. Siz den him Hokfor ûnthjit dyn hear de kening bynt By ’t boaskjen fen Ydwine.
PREESTER. Mei ’k dat dwaen?
THIED. Ik hjit it dy.
PREESTER. Den foegje ik my dêrnei. Fornim den prins, in skiednis fen dy tiid Dostû, de earnst fen steat en striid yet fier, Mei Bernlef boarteste yn it kenings-hôf. ’t Wier oarlochstiid. De Frank foel yn it lân, Dryst troch Aldgillis iep’ne frede-sin. De kening droech de kroane yet net lang, En Fryslân wier yn twastriid tiisd, en seach Net mear ’t mienskiplik heil. Aldgillis socht Ienriedichheit to foarmjen—’t wier omdôch. Do, op in simmerjoun fol mylde rêst Det alles libbe yn stiller, heger ljocht, Rôp er de haden yn d’ ûnsill’ge striid Fen Fries tsjin Fries, to kommen foar syn troan’ Dy’t yn it wâld stie, ûnder d’ eale iik, Dêr fen syn stamfaer plante, nei’t men seit, De Middelsé deun by, hwaens rûzich lyd Dêr minglet mei de rûzing troch it wâld. Hja kamen, elts mei folk, en tsjierden slim— De kening wier forslein. En mids dy striid Kaem út it wâld in skalt fen Foste dêr Mei harpe en sjongerskroane, en frege frij Det hy it heil fen Fryslân dêr bisong. Hy song, de Friezen harken. En syn lûd Wier mear as minskne-stim, in goade-spraek. Syn macht’ge sang wâlle oer de swijs’me rie As ûnwearsteanbre wytging, djip en swier As sé-gedroan, den júbljend as in geal, In great forskaet fen wûndre himel-klank Det alles swei, it beamte, it wyld, it folk. Wy sieten del, ús ein bistean ûnttein, Walhalla’ goaden lyk. Hy wekke it djipst Unwitten fielen yn ús stridich moed, Hy hearske ús oer mei ’t wûnder fen syn liet. Dat wier in sang! Hy song de Friez’ne heil, It folk, oan Odin ljeaf, oan Frigga nei, Sterk, ivich en ienriedich yn himsels, Fen broerre-ljeafde en frjeone-plicht en trou, Fen hwet hjar eagen glânzgjen docht, sa stil As jounljocht streekjend oer de freeds’me mar, It trúnjen fen hjar hert, hjar wylde haet Sa faek in frjemd hjar hillich lân bisprong— En ’t folk siet stil en wier himsels net mear. Aldgillis skriemde. En do’t de sjonger swei Do wier de striid forslein en ’t folk wier ien; Djip seagen hja mankoar yn ’t glânzgjend each, Wer broerren, frjeonen, wreevlich oer hjar wrok. En hwa’t hjar oanpoend hiene yn woede en niid, Dy stoepen nei Aldgillis ta, en d’ ied Fen frede en soen klonk nei de loften op... Foarstinne Thied hat gûld, dy greate dei.
THIED. Hwêr is it bleaun ... hwet wier dit folk do sterk! It wâlle yn wyldens tsjin de Franken gear... Ha, dat wier striid!... En nou... Gean fierder frjeon.
RADBOD. (stil) Nou sjuch ik ho’t ús folk wer stride moat.
PREESTER. De kening hie de skalt sûnt dy dei ljeaf, Yet mear as wiif en bern. ’t Wier Bernlef’s heit. Hy laette mei syn wizens, dy troch sang, En nea wiek d’ ien fen d’ oar syn side wei, En amper wier ’t ef ’t lân twa kenings hie. De striid kaem oan. It Frankysk heir wier sterk, Syn útris goed, mar ’t hie de goaden tsjin Dy’t mei Aldgillis fochten. Dagen lang Woede yn it Súd in wylde, grous’me slach, En twiivlich bleau de útkomst, ho’t men stried. De saunde nacht, do kaem God Foste sels Nei ’t bêd dêr’t Bernlef’s heit to slomjen laei En wiisde yn dream de Frank’ne swakste sté. Aldgillis riisde en samle in lytse kloft Fen kriigle striders út, mei Bernlef’s heit; Stil sloepen hja nei ’t leger fen de Frank En stoarmen ’t yn. In koarte grous’me striid Joech útkomst: Fryslân woun, de Frank wier slein, Mar Bernlef’s heit forstoar, dyselde nacht.
THIED. Hwent Odin rôp him nei syn goud’ne went, As ’t swietste lean. Hy hat gjin delgong sjoen, Hy stoar yn al syn greatme... Wy bin bleaun, En seagen mear.
RADBOD. Mar do, yet foar’t er stoar...
PREESTER. Do stoep de kening nei syn stjerbêd ta, Forslein, en socht om treast, en foun se net. Hy spriek fen trou, en wersjen, ier ef let, Yn Walhal’s nolke went, en lei syn hân Op ’t barnend foarhaed fen syn skald en frjeon; En hy dy’t stoar, dy hearde it glimkjend oan En sei mear treastwird as de kening koe, Mar einlings praette er oer syn biidzjend wiif En oer de boi dy’t nou syn heit forlear En droech hjar heil de kening op ta’n soarch. Dy ûre wier ’t, det Fryslân’s hear him sei: „Myn wiif joech my in famke, in bernke yet, Dat simmer-bloei en skientme ûnthjit, hwaens each As Freya’ laits oer Fryslân glânzgje scil— It djûrste, op ierd my fen de goaden jown. Hjar scil ik, ta in blyk fen ljeafde en trou En det myn tankbrens dy yn iivgens bliuwt, As dyn soan skielk ta riper âlder komt En siket om in breid, him jaen ta wiif, Det, hwet yn ús stoar, wer yn hjar forriist En dyn bloed ien wirdt mei myn egen bloed.” Do stoar de sjonger, freedsum, mei in glim.
RADBOD. De goaden wieren wiis, mear as myn heit— Hja ha syn trou mistroud en him forboun. Bring hjar myn tank en ôffrje hjar hwet greats, Ta fromme wytging fen ús ljeafde en trou.
(_preester giet_).
It giet Ydwine yn ’t hert, en ’t is my bliid: Sa scil hja sjen by hwa’t de wierheit rêst, Dy’t hja yn heechmoed’s waen hjar eindom tocht, Sà det hja Walhal húnde en ús forsteat. Earm twiivlich bern! nou wirdt dyn leed ús nocht, En goad’ne krêft weacht deadlik op dy del, Ring folget op dyn langst hjar strange straf— ’t Is goed! Sa sjuchst it bêste hwa’t regeart, En wirdt dy fen it krús de ûnkrêft leard.
3. _Radbod, Thied, Ydwine._
YDWINE. Heil for ús beppe en Radbod!
THIED. Dochter heil! De goaden bin dy ginstich: wol lit Frey Dyn berte-dei hjar sinne en ljeafde sjen, Sa’t nou de loft fen djippe myldens striel’t. Ydwine, wêz dat weardich: Walhal hat Foldied’ge ginst for hwa’t syn wil folbringt, En gyslet swier hwa’t yn syn trêft mistrout. Haw sa’n bistean det, glimkjend fen syn sit De heechste God dyn dimm’ne wegen sjucht, En dy syn seine, in kroane fen klear ljocht, Oer ’t glânzgjen strielet fen dyn gouden hier!
YDWINE. Ik tankje Beppe. Al is myn krêft mar lyts, ’k Scil siikje sa to libjen, det it lok Fen heger lieding jown, my tankber fynt En stribjend nei ’t folfieren fen myn plicht.
THIED. Allyk de goaden ’t freegje.
YDWINE. Allyk myn hert My sels de wei seit troch dit ierdsk bistean.
THIED. Haw gjin bitrou dêryn. Us minsklik hert Is swak en lyts en wit syn plichten net As ’t net fen Odin’s ginst forljochte wirdt.
YDWINE. As net it heechst biwâld dat laet en stjûrt. Wier, ik forstean ’t, dat wird mishaget jo, Mar beppe, tink det ik, hwaens jonkheit mids It fûle toarkjen fen ús tiden riist, En siikje moat nei wierheit, scil ’k bistean, Oars tinke moat en mei yn mennich ding As eartiids d’ âffaers diene; dat ek ik In rjucht op egen leauwe en miening haw, Sa goed as elts, hwaens siele hjir bistiet.
THIED. Ien wierheit ljochtet mar oer loft en ierd, En ’t oare is dead en ljeagen. Wé dat each Dat twiljocht sjucht, for goud’ne deiglâns blyn, Fen sikens dof! Wé ’t moed dat twivel mient Dêr’t treast fen witnis is en wierheits-piid En dat yn ûnkrêft stjert! En wé dat hert Dat d’ iene wierheit ljeafde en tsjinst ûntkeart, En dat de hel ta nocht en bút forfalt!
YDWINE. Sa tinke jy. Myn leauwen leart my oars; Ik sjuch de minske yn striid en twivel gean Syn moeisum wrâldpaed lâns nei d’ ivichheit. Nea wint er wierheit, ljeafde, treast noch ljocht Dêr’t er net earst for striidt. Mar jimmer bliuwt Him hope strieljen as in blanke stjer, Geneed’ge kâns op ivich-dûrjend heil, Oant op in dei de siel hjar bynsels brekt; Forheard stiet yn hjar egen glâns, en wit, En wjukken spriedend, blinkend wyt as snie Al heger riizget nei Gods ivichheit.
RADBOD. It sankje fen dy swiete dwepers-tong, Dy’t jouns yn iensum hôf ef smûke lean Prinsesse Ydwine it Kristlik heil fortelt!
YDWINE. Hwet mienst dêr mei?
RADBOD. Hâld dy hwet minder dom. Dat stiet dy min. Tochst det dyn broer neat seach? Ha! readestû? Krijst fen dyn skande in aen? In keningsbern, dat mei in skoaijer rint En âldereare en stân en plicht forjit For ’t wiffe trúnjen fen hjar sûndich hert? Kom ta dysels! Bûg skamjend ta dyn dwaen Detst skielk net readzje moast for ’t hiele folk, Ast nou yn d’ egen stins for sibben moast!
YDWINE. Gâns mear jowstû fen krêft en adel blyk Dy’t wirden seist, sa sljucht en lef en min, Det elts yn ’t folk him skamje scoe for soks!