Part 4
YDWINE. It wint, it ljocht ... it weaget machtich oan... It streamt yen oer ... nou riist in iiv’ge troan Wyt-strieljend mank it goud ... de nachttiid stjert, Ik sjuch ’t ... en doar noch net ... lyts twiivlich hert!...
4. _Ydwine, Jûle, de Pylger, Wilfrid, Radbod._
RADBOD. Ydwine, siz... By Odin! Hwet wol dit? Ho toevest by dit reau? Ho sitstû del By hwa’t forflokt fen god en minske bin? Taest ek dyn siel de siiktme oan? Earm bern, Sitst trienjend del by sot en treastleas folk Wylst bûten sinne in ljochte heechtiid fiert? Ydwine, riis dochs yn dyn krêft! Forhún Dit weardleas túch! Nei ’t ljocht en ’t hôf ... kom mei!
YDWINE. It wier my ljeaf, myn broer bitocht det ik Yn ’t egen seal myn egen master bin, En det er syn forwûndring sêfter sei, Syn moeike net misleedgjend, noch hwa’t hjir Myn gasten bin, forhúnjend mei gebear.
RADBOD. Swij siz ik dy! It leffe Kristen-reau Fordiignestû, in Friez’ne kenings-bern!
YDWINE. Lef neam ik hwa’t himsels gjin master is.
RADBOD. Ydwine, ienris yet! Ik kaem yn ’t hôf Dêr’t Bernlef op dy tide en dû bleaust wei... Hy wier ûnrêstich, seach ’k. Ik haw him sein Ik scoe dy helje en ’k scil it dwaen. Giest mei?
YDWINE. Myn moeike, hill’ge preester, en ek jy Hear pylger, hear myn andert! Hear dêryn De wytging fen myn komstich great bislút! Ik siz dy, Radbod: Né. Net ik dy’t kom. Dû twingst my net. En yetris né! Hast heard? En nou, myn frjeonen, gean. Jim selskip is My myld en goed, mar ’k skamje my for him.
RADBOD. Unweard’ge!
YDWINE. Wier, dû twingst my net, myn broer! Myn krêft tsjin dyn krêft, as ’t den wêze moat!
WILFRID. Wy gean. Mei God syn ljocht spriede oer jins hert!
RADBOD. Flok oer dyn siele en elts dy’t dy skewielt!
YDWINE. Ydwine seinet jim, myn frjeonen: gean.
DE PYLGER. Prinsesse, lit my bliuwe... It wier my bang As ’k jo sa ticht by dy forwoedne wist...
YDWINE. Hear pylger, tank. Jins tael hat moed my jown En eltse skrútnens is myn herte ûntroun— Ik fiel my sterk en ’k haw bitrou. Dos gean: Ek ienlik scil ik dochs net helpleas stean.
5. _Ydwine, Radbod._
RADBOD. Safier is ’t komd? Bist stroffle op dyn paed En falst ek dû Hel’s deadlik longrjen ta? Trochpolsket ek dyn hert dit slim fenyn? In keningsdochter bist. Mar minder bist As ’t leechste famke dat yn earme went’ In earmtlike offerjefte oan Frigga wijt, Myn sister ... dû... Hat dêrfor beppe Thied Dy eltse joun de greate wûnders sein Fen hjar, dy’t heech yn Walhal’s stinzen gean? Nou twiivlest yn dyn siel. Unweard’ge, dû! Dy’t glimkjend giest yn Fryslân’s earjend gea Dêr’t eltse Fries dy seine en heilwinsk biedt— De rom fen ’t Fryske hôf, dy’t troanje koest Nêst kenings oer dizze ierd, hwaens keinens faek Al mennich skalt yn dûrjend liet bisong: Siik bist yn ’t hert, in readzjende apel lyk Fen wjirmegûd trochwrotten. ’k Tocht dy great, En ’k hie dy ljeaf nei dyn fortsjinste en rjucht, Mar Odin! astû nou hjar siele naemst, Det hja, in lyk, hjir delfoel oan myn fiet, Ik priizge dy om dyn wiis foarbistel. Hwent ’k hear de minsken laitsjen yn myn geast, Ast’ skielk wer troch de doarpen giest ... ik hear Hjar hún en spot: Sjuch hjir in keningsbern Fen eltse biddleresse yn eare oergien... En dû ... myn sister bist ... o wierstû dea!
YDWINE. Nin wize dingen seistû, broer; mar dochs, Ik hearde nei dyn tael lyk ’t foechsum is— Mar nou’t ik andrje scil, hear dû nei my. Dû seist, ik wird it lân ta hún, dû mienst In ein fen ûnk is my biskern—’t is goed, Ik wit it net, ’t kin wêze, mar ’k bitrou. Mar dû, myn broer! bist fen dy sels wol wis? Dû, dy’t sa bearst en geist oer my? In slaef Bist, Radbod, fen dyn haet; gjin krêft fen wil Twingt yn dyn siel dyn woedzjen del: dû bist In stjûrleas skip, rounstoarmjend mei de boi Dy’t it oergûlt en om de mêsten giert— As ’k dy sa oangean sjuch as nou, den bin ’k Wol faken bang, in swier lot bidet dy En ienris falst as offer fen dysels— Hwent swakheit is ’t, hwetst earest as dyn krêft!
RADBOD. Unweardge, doarst...
YDWINE. In inkeld wird noch broer. Hwet jowt dy ’t rjucht ta sokke ûnskeam’le tael Ast niis spriekst tsjin ús moeike en my? hwa joech Dy frij hjir yn myn egen lytse seal, De rêst to brekken fen in hill’ge stoun Mei dom getjirch, en lege oerstjûre tael? Bin ik misdiedich, as ’k mei langstme hear Nei ’t hillich leauwen fen in griis âld man, Ut hwaens goe-wird in wûndre wizens klinkt, Lyk minsk’ne geast komselden mar oerskynt? Mei ’k sels nei Kristlik wird nin harkjen dwaen? Mar dochs, myn broer, ’k erken mar ien oer my: Dat is ús heit, de kening. Witst syn winsk? Witst det hysels de preesters harren rôp? Witst det er dit wird spriek: „Gean soarchsum nei Hwaens leare it swierste weacht fen trêft en piid, En dy’t it bêst en hillichst is, kies dy?” Dû witst it dochs. Hwet jowt dy den it rjucht Detst ús mei rouwe tael sa lyts forhúnst?
RADBOD. It Rjucht det Walhal hat oer ’t flokte krús. Detst dit forgeatst, ûnweard’ge! wé dyn hert!
YDWINE. Dit rjucht stim ik net mei. ’t Is weardeleas. Hie ’k sjoen det Walhal woun en Kristus sonk Yn skaed en dead om’t hy de mindre wier, In rôver fen de hearlikheit, in tsjeaf Fen ’t rjucht dat Odin hearde yn ivichheit: Den joech myn hert dy rjucht. Mar nou’t sels dat Yn kiif stiet en wy siikje moatte, in striid Sa swier det ’k sims net wit, ho’t minsk’ne krêft Hjar eingje scil: nou seit sa’n wird my neat En ’k glimkje hast oer sok ienfâldich praet.
RADBOD. Bist den sa wiis yn dyn alwittendheit Detst Walhal’s greate goaden weage doarst? Sjuchst net detst blyn yn grime dûnkrens giest?
YDWINE. Ik bin net blyn en ’k wit fen dûnkrens net: Hwent stadich riist in sêft nij ljocht omheech Dat my de swartste nacht troch laet en myld Myn siikjende eagen mei syn krêft oerskynt... Ik bin net blyn. My tinkt, ik haw it west Do’t ik it ljocht fielde op myn eagen, ’t swiet Gerûs fen beamte hearde yn ’t skadich hôf En harke nei it fier liet fen de sé, En ’k wist net, àlles wier it lûd, de tael Fen net to neamen krêft, it wytgjen fen In hill’ge God, dy’t ik net priizgje doar Ut eangstme for wanlûdichheit. Mar nou Nou geane linkenoan myn eagen op, En ’k jow my nei it ljocht, in Maitiidsblom Stil rizende út de wynsels fen hjar sliep: Nou wit ik wijd elts lyts liet fen de wyn, Fen beamte en sé, ien ljeafde-stream it ljocht, En ’k tink oan God as yn myn dreamen riist Dat keningslân, hwaens myldens hy my sei, En ’t greate gean fen ’t wiet myn ear trochrûz’t En ’k fen syn hûs de blide myldens fiel— Hwet is dat hearlik great ... ho goed en from...
RADBOD. Earm dwyljend bern! praet út: it let my net. Elts wjerwird is omdôch: dyn moed is sterk Yn ’t webbe fen dy dûnkre spin bitiisd— To fûl bist yn dyn dwyl bitsjoend. En ek, Hwet scil in fanke as dû noch prate oer eat Dat inkeld stiet oan mânljue? ’t Wiif dat giet Yn elts ding mei hjar man dy ’t bêste wit, En hat mei sa’n ûnsill’ge striid nin dwaen. En Bernlef, dy’t dy bidet yn it hôf, Scil nêst dyn side yn menn’ge treft’ge sang De goaden sjonge yn Walhal, myld en kein, Detst, harkjend as syn wiif, him leauwe _moatst:_ Hy dy’t dy ljeaf hat yn syn great ryk hert Scil mear jaen as in deistich feint syn faem, Net inkeld ljeafde en ’t glânzgjen fen syn each, It sjongen fen syn lûd, syn súvre krêft, En ’t flaeikjen fen syn min...
YDWINE. Nea, Radbod, nea! Hy is my frjemd en ik bin wers fen him.
BERNLEF. (hommels op, wyld) Ydwine ... dat ... ik bid dy: mienstû my?
RADBOD. (kâld) Sa is it goed. Nou kin ik gean. Haw moed. Hwerom sa let? hie mar hwet earder komd. Ik jow hjar oer oan dy. It walget my.
6. _Ydwine, Bernlef._
YDWINE. O hill’ge God dy’t ik net neame doar, Jaen krêft, forlit my net. It is sa swier, It snijt my troch it hert ... en ’k wit, it moat, It kin net oars ... myn God, myn God, jaen krêft...
(_Bernlef oansjende_)
Bernlef, hwet makkest my myn striid sa great? Dû witst it dochs, ’t is myn skild net det ik Dy net mear ljeaf ha kin, as ’t eartiids wier...
BERNLEF. Sjuch my net oan, Ydwine. It brekt myn hert, Meilijich sjuchst, as laei ik dea foar dy, Dyn eagen bin sa great fen leed, en koel, Sa kâld as Maitiidsfoarst...
YDWINE. Ik mei net oars.
BERNLEF. Ydwine, alles draech ik. Weegrest my Hwet ik de goaden bea mei eltse joun, Myn siele’ winsk, en dêr’t ik rjucht op haw— Ydwine, ik haw dy ljeaf, forstean dat dochs— ’k Scil dy net flokke, Ydwine, al sinkt de dei Dy’t ik yn dreamen seach, for ivich del,— Mar dû, forstjit my net. Myn hert forkwynt As ’k dy net nêst my wit, myn krêft forgiet... Ik bin in beam dy’t yn dyn strielen tynt, En as dyn ljocht syn leaf ûntdriuwt, is ’t dien, Den bûgt er del nei ’t skaedzjen fen it grêf... O dû forstiest it net... dû kinst it net... Mar tink dy ’t ljeafste dastû hast, hwet dy ’t Each glânzgjen docht fen greatskens en geniet: Tink dy it djûrst fen minsk’ne ierd, hwerfor De tûznen lije en bodzje dei oan dei: Hwet sinne is for it lân en rein for ’t nôt En stjerren myld for iens’me swalkersbern— Den kinst forstean, hostû for my bistiest. Oertink, ik song doch mennich blide sang Dy’t dy de eagen tsjoende yn blinkend noft, ’k Sei dy dochs faek hodet de bloeijende ierd’ In heim’ge langst fielt yn hjar jeuchlik hert, Hodet frou Freya ljeafde jowt en nocht En laket yn hjar lokk’ge, blanke stins— Dû witst it dochs, ik bin gjin skoaijer dy’t De joun trochstrofflet mei in near gekjirm, De lânsljue biddeljend om rêst en brea... Ydwine, ik bin in prins yn ’t hert, ik sjong Det hiel de dei yn ljochte júbling riist...
YDWINE. ’k Untstriid it net. ’k Wit dyn fortsjinsten wol. ’t Is gjin heechhert’gens as ik dit net kin.
BERNLEF. Fortsjinste ... och dû forstiest my net. Ik wol My sels net priizgje ... ik mien mar inkeld dit, En ’k bid dy d’ earme ginste knibbljend ôf: Mei ’k den net nêst dy gean, mei den myn sang Nea romje yn dy as yn myn ljeavjend wiif, Lit my dyn feint den wêze, Ydwine: ei lit My dy den tsjinje as leegre fen dyn folk— Stjûr my net foart, wêz my in bytsje myld. ’k Scil for dy soargje as oars gjin minske it kin, ’t Unk kearend fen dyn foet, ’k scil tsjinje as nea In stjerlik feint yet die yn ljeafde en trou, As ’k mar hwet by dy bliuwe mei, as net Dyn frjemde wil my nacht en dead yn stjûrt...
YDWINE. Dû tsjinje as feint? O skamje dy! in foarst Bist yn dyn hert, en heech hearst as in prins... Koe ’k dy mar ljeafde jaen! Ik kin it net.
BERNLEF. Ydwine, Ydwine, ik haw in goed âld rjucht Fen goaden my bitroud ... hwent Bragi joech My harpe en sang en skoep my ta syn soan, En yn dyn namme sjongt it hill’ge lûd Fen mylde Idoena nei, de Maitiidsbreid. O dûk dy net yn sa’n mistreast’ge dream: Waerd Bragi den Idoena net biskern?
YDWINE. ’k Bin gjin goadinne, yn kâlde stinzen geand. ’k Bin mar in dimmen bern fen d’ ierde, ien, lyts Yn trêft en moais ... in famke mar, mar dat Yn ’t soargjen fen d’ ûnneambre God bitrout.
BERNLEF. As ’t dat den is, Ydwine, as ’t dat den is— O ’t is sa swier for Bragi’s greatske soan For hwa’t men ljeafling fen de goaden neamt; Mar ast, Ydwine, m’ oars net ljeavje kinst Ef ’k moat mei dy my deljaen yn de tsjinst Fen ’t deadlik krús, o lear my den dy tsjinst— Bring my dy wûndre lear den by, nim my Den my derhinne ... ik bûg mei dy for ’t krús... As ’t moat, Ydwine, as ’t moat ... ’k ûnthjit it dy...
YDWINE. Sels dèn net, sels net al wierstû hwet ik Noch om myn neatichheit net wêze doar, Sels den koe ’t sa net wêze ... der is mear.
BERNLEF. By Thor, ljeavest in oar? Ydwine, swijst?
YDWINE. Ik ljeavje in oar.
BERNLEF. Ik wit hwa ’t is!
YDWINE. Witstû...
BERNLEF. Der is mar ien dy’t ’t wêze kin. Hark, hark, Ydwine, ef ’k my forsin: „Mar ’t wûnder fen Myn hillich lân, dat is de sé dy’t giet Mei amjen sêft as fen in Maitiidsbreid, Ef rou ropt tsjin de groll’ge loft, de sé Mei tûzenderlei sang, God’s tsjûgenis Yn ivichheit...”
YDWINE. Swij stil, myn hert lûkt gear Noustû myn heimnis seist ... ho kinst ... ho wist...
BERNLEF. Hy wier my ljeaf, Ydwine, it krús ta spyt. Langlêsten do’t er ienlik siet en seach Ho ’t jountiidsljocht allinken swoun ... hy wier Unwennich fen syn lân ... do sei er ’t my... En om’t ik sjong, ha ’k al hwet moai is ljeaf... Wé my, wé my, ik haw myn lok forlern, Myn deitiid giet ... hwent hy is mear as ik...
7. _Ydwine, Bernlef, Holder._
HOLDER. Prinsesse as ’t foechsum is ... in tynge hie ’k, Dy’t mien ik, ek jins ear binije scil.
YDWINE. Ho Holder, is der hwet?
HOLDER. Fen ’t Frankysk hof Kaem niis in seinboade oan, in âld, bûgd man, Mei núvre eachopslach en fluensk fen wird; Hy wachtet yn ’e hal, en pûst hwet út, Mar frege earst de kening sels to wird.
YDWINE. Fen ’t Frankysk hof? Hwet hat dy komst wol yn? —Ik wist net det der skeel ef ûnried is, En blide tynge kaem noch nea dêrwei, For Fryslân noch for ús. Hwêr toevet Heit?
HOLDER. De kening teach dizz’ stille middeistoun Nei Krist’ne Godshûs ta, yn from biried.
YDWINE. Hast Beppe Thied al tynge dien? det dy Him hjir it wolkom biedt? ef oars myn broer?
HOLDER. Yet net, prinsesse, ik tocht... In wûnder wier ’t Bijeegnen hja sa’n man mei frjeonlikheit, En grym en lilkens docht faeks Fryslân skea... ’t Wier better, sei men him in freeds’me winsk.
BERNLEF. Ho Holder, freeds’me wirden for in Frank? Bistû de striid al mêd? Ik ken dy net!
YDWINE. Stil Bernlef, hy hat rjucht. In húnlik wird Koe hiel ús folk yn lijen bringe, en need, En prins noch kening hat it rjucht dêrta. Ek leart men ús, de stjûrden fen in foarst Fen útlânsk gea, stean ûnder goad’ne noed: Hja binne ûnskeinber en Forseti wijd. —’t Is goed, myn frjeon. Ik siz him ’t wolkom hjir. Mar wytgje Beppe en Radbod dòchs syn komst: Faeks klagen hja, ik die hjar rjucht tokoart As ik ’t forhoalen hold en neat hjar sei.
HOLDER. ’t Scil barre nei jins winsk. (_giet_).
YDWINE. (tsjin Bernlef) Dû frjeon, oant sjens. Dû witst it nou ... ’t is machtger as mysels... Siz Bernlef ... scilst my grym wêze ... ef bigrypst...
BERNLEF. Ik haw dy ljeaf, Ydwine, en ljeaver yet, Mar ’k scil ’t bitwinge en inkeld útrje yn sang, En nimmen scil it witte as dû en ik.
YDWINE. Doarstû it oan, sa’n striid?
BERNLEF. Ik doar ’t for dy.
YDWINE. Ik leau detstû it kinst.
BERNLEF. Bitrou op my. (_ôf_).
YDWINE. (yn tinzen) Ho stil is ’t nou’t er giet... Fen ’t Frankysk hof... Der is hwet swiers, hwet eangstichs yn ’e loft... En dochs, men seit, it is in Kristen-foarst...
8. _Ydwine, Ebroïm._
EBROÏM. (mei great forskaat fen bûgemint) Trochlofte faem út skier en foarstlik laech, Ei gin my det ik hilde bied. Hwent faek Bireizge ik oarden, wider as it each Fen minsken wol bifiemt en tins bitinkt: Foarstinnen seach ik, strieljend as it ljocht Dat middeis lôgjend stiet oan ’t himel-wilft, En flûnkrjend lyk de moanne yn silvren skyn Fol steatlikheit oer wrâld en streamen driuwt— En fen hjar allegear biwarre it hert Yn mymring hwet it steatlikst wier, lang nei: Mar foegje ik ’t gear, en bou ’k fen al dy pronk, Fen al dat moais en steatliks, ien kein byld, —O as jins each mar effen glânzgje mei, Genedich as Godsels, den siicht it del For sok in trêft fen libb’ne foarstlikheit. Jins antlit is it ljocht, jins each de dei: O heil, det ik soks minliks hildgje mei.
YDWINE. Ljeaf hie my, Hear, hwet dimm’ner eare west: It Frysk hof hâldt syn ienfâld heech. Mar dochs, Ik tankje jo en rop jo ’t wolkom ta. Grif wier de reis jo swier en bin jy wirch? Dêrom, sit del: bliuw net sa bûgend stean.
EBROÏM. Ei ho’t jins mûle mylde wizens seit! Is d’ ienfâld net in súvre winter-stjer, Bliid glânzgjend mids it swirk fen ûnwier dwaen, Gjin blom, by ’t Maitiid rizend nei de dei Ut goare poellen fen it winter-slyk, Gjin Godsjewiel, gjin ivichheit, gjin skat? —Wol ha jy tige rjucht, prinsesse. In reis, Fen near geswalk en moeisum doarmjen swier, Troch bosken fol fen spoek en deijend djier, Oer streamen dêr’t in wif en wankel boat Om liifsbihâld my bidden die ... fij, fij! In reis, sa swier as ik noch nea bistie, Ho faek myn machtich hear—hwaens namme ik nea As mei in niging fen earbied’nis neam:
(_djip bûgend_)
Theod’rik, Goades ljeafling, Kristus’ frjeon— My yn geneed’ge ginst ek boadskip joech Nei frjemde, ûnhiemske hôven—wis, in reis, Sa swier en wyld, as prûs de Maitiid is Dy’t glânzget yn jins each en gouden hier, Tobriek myn krêft, twong my ta wirgens del, Det ik nou spraekleas stean en sûnder tael Dy’t kleardernôch myn greate tankbrens seit. Prinsesse, ik tankje jo; ik bin ’t net wirch—
(_slacht in krús_)
In sûnder bin ’k, mar frij troch Kristus’ bloed— Det my jins swiete ginst sa’n frjeonskip biedt; Nea dreamde ik noch det sok in ljeaflikheit My biidzje mocht oan ’t skûmjend Noarderhêf, Nea ealge, ef hope, ef tocht...
YDWINE. Al goed, myn Hear; Myn ear is mêd fen jins wiidweidichheit— ’k Hear wirden wol, mar wiere miening net. Gjin reden, lûd fen toan en bûnt fen wird, Gjin faei geglâns fen uterlik gepronk, Bifreedgje Fryslân dat de wierheit wol. En mei ’k jo riede yn goedens, sprek den skielk Foar ’t Fryske hof hwet klearder ljochter tael: Foarstinne Thied en Radbod hawwe in haet Yn eltse Frank...
EBROÏM. Jim Hill’gen, stean my by! Prinsesse, ik bid jo, scoe men my ... in âld En griis en warleas man... O Himel, sjuch Myn eangst en need: ik foel yn fijan’s hân! ...Prinsesse, wit, ik haw in machtich hear, Hwaens grym forneatget hwa’t oan my misdocht: Lit men my sparje yn froed ûntsjen, hwent oars...
YDWINE. Gjin driigjen, Hoar! Fryslân forstiet soks net. Jins eangstme is sûnder groun en jowt gjin foech. Jy binne in keningsgast, en stean for ús As frjemdling ûnder Goad’ne skutte en soarch, En binne ûnskeinber troch Forseti’s skyld.
EBROÏM. O nocht, o lok! Ik bin sa âld en swak, Ik kin my net fordiignje tsjin hjar krêft... Prinsesse tank. ’t Is balsem for myn eangst. Meije de Hill’gen seinjend nêst jo gean! Unskeinber, seine jy? In trêftich wird! Ik scil myn boadskip dwaen yn great bitrou, Op jins trochlofte ginst, frijmoedich, dryst, Noudet ik wit det ik ûnskeinber bin.
YDWINE. Is dat jins krêft? en oars gjin taflecht mear? Sterk wêze yn egen hert is greater, Hear!
9. _Ydwine, Ebroïm, Thied, Radbod._
THIED. In boade fen it Frankysk hof?
YDWINE. ’t Is him. Foarstinne Thied stiet foar jo, Hear. En hjir Komt ek myn broer, prins Radbod.
RADBOD. Frank, sprek op: Hwet wier dyn boadskip oan Aldgillis’ hof?
EBROÏM. Trochlofte prins, myn hege hear, biklaeid Mei Goades macht en mear as minsken sterk, Theod’rik, Goades ljeafling, Kristus frjeon, Bringt jim de wytging fen syn frjeonskipstrou. Hy, fierwei macht’ger as de sterkste foarst Dy’t wâld hat yn ús tiid, bitocht, ho’t heech Yn ’t stjalpich Noard in kening troane, ryk Oan macht en eare, en mear as minsken wiis:
(_nigend_)
Aldgillis, Odin’s soan en Frigga’s feint. Hjar bynt in ivich, hillich, wijd fordrach Yn broerskip, frede en trou; en broerren lyk, Ienriedich geand yn Himel’s seingjend ljocht, Sa bin hja ien fen tins en ien fen wil, En ien yn ’t glânzgjen fen hjar foarstlikheit. Ja, glânzgjend as twa stjerren...
THIED. Sparje ús dat. Wy witte it al. Siz ús dyn boadskip oan.
EBROÏM. Myn hear is ’t herte fol fen frjeonskipstrou. Unwenn’gens wennet yn syn siel, safaek Er iensum mymret oer syn ljeave frjeon, Dy’t heech yn ’t wylde Noard de haedstêf swaeit. Nea wykt de frjeonskip út syn hert; de dei Oerwyndret hjar mei koelte, en nacht mei ljocht: ’t Is ’t wêzen fen syn hillich libben sels. En jeften biedt er him, fol wûndre pronk, Rjue goud en glânzge stiennen, dy’t iksels Yn ’t moeisum swalkjen meibrocht, fol fen noed, En skielk Aldgillis bûgend biede scil Ta wytging fen syn swide frjeonskipstrou.
THIED. Hwet freget er fen ús? Ik stean him net. Wy bin gjin jeften brek. Dat flokt fordrach Hâldt ús ta frede en net ta frjeonskip oan.
RADBOD. En yn ús hert is for him neat as haet.
EBROÏM. Jim dogge myn geneed’ge hear gjin rjucht. Syn hert scoe bliede, it kwynde wei, ’t forkromp As dit him trochdien waerd. Mar hark hwet hy Jim seit troch my, fol greate ljeafde en noed Det Fryslân’s piid net troch ûntkrêftging kwynt:
YDWINE. Ik tocht, jins boadskip gou de kening ’t meast, En minder ús. Doch tiid oant Heit hjir komt. It jowt gjin foech det dy’t it lêste heart.
EBROÏM. Myn boadskip hat gjin heimnis yn. ’t Is lyk It middeiljocht, dat hiel de wrâld oerskynt, Oer gers en mieden djoeit, oer krûd en stream, En alles dielen ljocht yn goud’ne glâns, Mar ’t hearlikst, ’t rykst rêst op it swier, ticht leaf Fen steatlik beamte en dat oerglânzgje mei— Sa is myn wird ek ’t glânzichst for de foarst, Mar ek for oaren hat it goudgloede yn.
THIED. (fen siden tsjin Radbod) Hy brûkt syn tong yet glêdder as trochstrings: Ik bin dochs wier binijd. (Lûd) Sprek op den, man, En partsje ek ús hwet fen dat glânzgjen ta.
EBROÏM. Myn hear wol Fryslân great en ryk en sterk, In pronk to sjen, in lân hwaens dûrs’me krêft De tiid trochstiet en altyd ljochter riist, Himsels ta nocht en hiel ús wrâld ta rom. En om’t er dit sa wol, om’t eltse dei Hy dit oertinkt yn ’t hert en dêrfor bidt, Sa is er drôf to sjen det Fryslân lijt, En det syn krêft yn boaze tsjoening kwynt, Ja, det fenyn dit soun sterk lân oerdriuwt, Untkrêftgjend hwet syn krêft en feilgens wier, En ’t foltsen spjaltend yn tsjinstridichheit.
RADBOD. By Thor, hwet mienst? Sprekt sa in Kristen-foarst?