Part 10
THIED. Dyn hill’ge hâldt fen rêst. Dû skeinst syn lins. In greate die foeget syn fierens net, Hy lit him ljeaver warleas stean oan ’t krús. Sels rêdde er him net ienris; scoe syn krêft Yn soks dy útkomst jaen? Earm breinleas bern, In dead stik hout hastû dyn ljeafde oan jown; Dû makkest dy ta spot. Kom, riis oerein! Jim God doocht better for hwet feal gedream, De libb’ne wrâld heart syn lûd net yn thús!
WILFRID. (yn ’e doar) Great is de Hear, dy’t joech en nei him naem, De God, dy’t yn it Wird ta wêzen kaem, De hill’ge dy’t syn foltsen laet nei ’t ljocht En oer de dea syn greate wytgings brocht.
8. _Radbod, Thied, Bernlef, Ydwine, Aldgillis, Jûle, Wilfrid._
THIED. Ek him yet! Nou komt ek syn ûnkrêft út! Better sa’n fal as yn de krêft fen ’t wird!
ALDGILLIS. Earweardich frjeon, jy fine ús djip yn leed En roujend oer in ûnk, sa bang en great, Det by it bleate neamen ’t lûd ús stjert En ’t glânsleas each gjin ljocht noch treast mear sjucht.
WILFRID. Ik hearde it, hear. Myn âld hert is forslein. Hy wier ús hope en wytge it ryk fen heil, Dat Kristenkenings stiftsje scille op ierd, Hwennear hjar hert for ’t hillich boadskip slacht. Mar God wit mear as wy. Syn dwaen is heil En hwer’t hy naem nei ’t strieljen fen syn ryk Jowt minsklik hert gjin fûle leedklacht foech. (_tsjin Ydwine_). Myn bern, mei God dy treast jaen yn it hert, Dat bliede moat noudet syn ljeafde wiek, En mei ’t dy stypje det ús hill’ge Hear Syn bern neat docht dat ta hjar bêst net dijt!
YDWINE. God swijt yn ’t djipste fen syn sealen, Hear. Syn ljocht is ús ûntstoarn. Syn himel swijt, Sels as in gjalp om grous’me moart hjar ropt. Us ljocht forsonk yn kâlde dea syn sé.
JÛLE. By ’t hill’ge fen it krús biswar ik jo Rop God oan om in teiken. Krêftleas sinkt Us ljeafste hope yn ljochtleaze ieuwen del, As nou it ljocht net mids dit tsjuster riist En strielet hiel de wrâld oer, as eartiids Do’t nei it krús de Hear riisde út de dea! God is sa goed, hy weegret jo soks net— Myn siele is syn great hert to fier en frjemd.
YDWINE. By moart en deaslach klonk faek Odin’s flok; Hwa’t hjir swijt kin for d’ iivgens net bistean.
ALDGILLIS. Earweard’ge nim ús twivel wei. Ien wird Fen jo wint mear genede as al ús bea. In great ljocht scil ús rize as nou syn krêft De dea binimt fen syn ûnstuitbre macht, En ’t lân scil strielje yn ’t glânzgjen fen it krús, As dit great ûnk troch syn geneed’ge wil Wer hill’ge wirdt ta wytging fen syn krêft!
WILFRID. Wanhearrich laech! is dit jim Godsbitrou? De Hear dy’t dead en libben hearlik laet Yn greate skeakels fen ûnbrekb’re wet, Dy’t oan de dea de grym en eangst binaem, Hjar hill’gjend ta de poarte nei syn ljocht, Scil for in ienling dy’t er nei him rôp, Syn iizren wetten brekke as weardleas reach? De wrâld scil siddrje op hjar kristallen wei For ien? For ien it ljocht forlitte it sté, Mei wiis bistel him oan de himel wiisd For ien de sé rize út hjar einleas bêd?
(_wiist nei de stjerren_).
Sjuch, twivelried’gen! Yn ûnsiz’bre preal Wintlje de tûz’nen stjerren troch de nacht, Greatmacht’ge stiennen yn Gods alwrâlds-kroan, Elts oan syn sté en oan syn banen boun, En gean hjar wei, de riigjende ieuwen troch, Eltse oare nacht fen nijs, nea skokt noch skaet Fen dêr’t Gods hân hjar stelde ta in ljocht! En hiel dy iiv’ge wrâld mei al hjar greats Fen gouden wetten, tinzen fen Gods brein, Fen berte en dea, fen nacht en moarn en dei En joun en nacht weroan, fen stiltme en wyn, Fen himelwilft en swirk, fen strân en sé, Scil út hjar wei wike om ús stjerlik leed, Us ierde-bern, wif meinomd yn hjar flecht? En scil wy bidde om mindring fen ús heil, Om ierde ynpleats fen himel, skaed for ljocht, Gods ljeafsten weitwinge út syn leedleas ryk, Det hja nêst ús, wer diele yn ierde’s leed? Wé, wé de preester dy’t Gods wil misken En tsjin de hill’ge yn ’t rjucht giet! Wé it wird Dat stúnje doar tsjin de bazúnstjit Gods! Fornim, jim twiivlers ho’t de kristen bidt As hy him bûgt oer ’t lyk fen sibbe en frjeon:
(_delknibbeljend_)
Geneed’ge heit, myn siele bûgt ta dy, Myn each hat skriemd en yn myn hert is rou, Hwent dû hiest ljeafde nei myn earmoed stjûrd, En sinne jown det ik my waermje mocht, Nou naemst it my en ik bin ienlik bleaun. Mar hearlikheit is alles hwetstû dochst Fier oer myn ierdsk forstân en stjerlik each. Ik leau yn dy. Dû, bêdzje my ta rêst, Det ik aloan stil for dyn wizens bûg, En nea myn hert niig ta ûnweard’ge grym Tsjin him dy’t stiet oer tiid en ivichheit. Net mines, dyn wil wêz yn elts ding dien. ’t Is greate wizens dat dyn oerliz docht. Dû joechst, dû naemst. Dyn hill’ge namme scil Myn stimme priizgje oer de tiid’ne rin.
(_In fier wyt ljocht siicht oer de drompel de klinte yn. Arthur forweecht sêft en bringt de holle hwet omheech_).
RADBOD. (sjucht it) Goaden, hy riist! De dea wykt fen him wei!
YDWINE. Arthur! (knibbelet nêst him).
JÛLE. (hâldt it krús omheech) God spriek! Syn ljocht riist oer ús út! Bûg for de hill’ge dy’t dit wûnder die!
ALDGILLIS. Nou dûkt de twiivlichheit. It hirdste hert Iep’net syn grounen for dit tsûgenis. Gjin God is great as dy’t sa klear forskynt, Der’t dimm’ne frommens delbûgt for syn wil.
ARTHUR. (bykommend) Hwet wol dat hjir ... hwêr haw ik west ... my tocht, Ik foel... Ydwine dû? en triennen? Frjemd Detstû hjir by my bist ... ik woe nei dy Mar do... Ik seach de moanne, ik hearde in trêd En tsjin myn sliep sloech fûl hwet tsjusters oan... Ik leau, men woe myn dea ... mar hwa dochs? hwa? Ik ha safolle ljeaf ... hwa hatet my?
YDWINE. Sjuch roun oer hwa’t hjir stean. Den fynst him wol.
ARTHUR. Ik ealge it wol... Hwent Radbod is my grym, Mar ’t herte is him dochs heech en suver, great, En klear syn each ... hy bûgt? it is dos wier? Frjemd dat de striid safolle nommlens nimt En fytrje kin ta soks.—It wier my ljeaf, As bûten him nou elts dit sté forliet, Det hy myn winsk fornaem. Lit feinten hjir For lieding nei de stins, skielk as ik my Wer jow nei jim... Mar lit my nou mei him.
YDWINE. Dû ropst de dea ta dy. Dû hjir mei him, Dy’t niis dyn libben naem, dy’t as de wolf De sinne hatet, longret nei dyn dea? Dû meist net! tink om my en ’t âldershûs! Hwet scilst dy weagje om neat? Dû bist fen ús, En meist om ús net gean yn ’t hoal fen ûnk!
ARTHUR. Lit my mei him. Bitrou en haw gjin noed. Dû sjuchst, ik haw myn swird yet. Syn hân is Fen wapen leech en rjuchtet neat mear út. En yet in greater soarger noedet my, Dêr’t syn grym dochs as stouwend tsjêf tsjin is.
WILFRID. Nou lit ús gean yn stil en great bitrou, Hwent Hy hat noed dy’t blidens jowt fen rou. De moanne riist, yn silver leit it paed; Wolsillich, hwa’t it hert sa lottre waerd! Stil giet ús trêd en folget from it krús, As ienris op ús wei nei ’t himel-thús.
RADBOD. Foarstinne, gean. Ik stroff’lje en fal net mear. My wirdt myn paed allinken ljocht en klear.
THIED. Ik gean in iens’me wei. Myn hert is swier. De joun is oars as det de dage wier.
(_Thied, giet ôf, biselskippe fen Bernlef; men jowt earbiedich romte. Wilfrid nimt it krús en giet foar. De kening, Jûle, Ydwine folgje_).
10. _Radbod, Arthur._
ARTHUR. Dû hast gjin wapen mear? Gjin dolk ef swird?
RADBOD. Neat, dû bist feilich.
ARTHUR. Nim dit swird fen my. Dû woest myn dea en hiest my slein, as net Gods wil it tsjinkeard hie. Mar hjir bist frij. Yn dyn hân leit myn libben. Twiivlje net: Ik flok dy net astû ’t dyn goaden wijst.
RADBOD. Dyn libben winske ik nea. De preester wier ’t Dy’t d’ oanslach jilde moast. Mar dû wierst dêr, En naemst hwet him biskern wier, nei dysels, En ’t wier my leed, hwent dyn dea woe ik net.
ARTHUR. Unnoaz’le! In griis âld man hwaens holle al bûgt Nei ’t grêf, dy’t eltse dei as taslach telt, En mei in pear jier weiwirdt fen ús wrâld, Him scoest in moart dwaen om’t er tsjin dy stie? Wier hy de stêf fen ’t krús, syn hope en krêft, Hy dy’t God ropt nei ’t noegjen fen syn hûs, Nou’t hast syn deiwirk dien is en syn plicht Foltôge is, deun by d’ einpeal fen syn paed? Hwet kin syn wirk tsjin dyn oerdied’ge krêft, Syn kâld bloed tsjin it fjûr dat dy trochstreamt? Mar ien kin ’t krús hjir rizen dwaen yn ’t lân, En dat bin ik. Myn krêft is jong as dû, Myn macht is mear en rounom dêr’t ik gean, Forklearje ik ’t each fen hwa’t yn twivel stiet, En riist it krús yn dage’s goudglâns heech. My scilstû tsjin dy sjen, safaek dyn dwaen Dyn goaden weitsje wol ta nij bistean, En alles hwetstû boust, scil myn hân skielk Wer brekke en broazljen dwaen yn moude en túch, En myn God riist op ’t grize pún fen nijs. Hwet twiivlest yet? Hjir bin ik, warleas, wirch. Ien stjit, en faeks hastú den ivich woun. Dyn heit scil sinke yn twivel oer myn God, Dy’t sok ding dilde, Ydwine flokt it krús Dat twaris hjar de ljeafste it herte ûntstiel, En ’t haetlik boadskip stjert yn ûnkrêft wei. Hwet? nimstû net hwet sa’n goed lot dy biedt?
RADBOD. Forlied my net. Ik doch gjin skande mear. Hwet wier, hat west en d’ oantins pynget my As bitend kanker-fjûr. Mar nou is ’t gien. Ik scil myn goaden hoedzje yn ears’me striid Ef mei hjar falle yn ’t poarper fen de joun, En astû tinkst, neat as it krús kin ’t hert Fen sûndgers lottrjen dwaen yn keiner ljocht, Den scilst yn my de wytging sjen, det ek Us greate goaden súvrens ljeavje en trêft, En det, yn Walhal ek, de hill’gens blinkt!
ARTHUR. Ik tankje God detstû dat ynsjoen hast. Dû wierst sa ljocht en sterk. Ik hold fen dy, Al wier dyn each for my fen hate wyld. Ik wist yn dy ûnthjittings for de wrâld Sa great en, ryk as mennich minsk net dreamt, En ’k seach sims op dyn hier in glânzen kroan’, Net hill’ge fen it krús, mar gouden ljocht Lyk simmer-middei ’t wide lân oerstruit. Yn ’t hert bin ik dyn frjeon. Dû witst, de striid Scil skielk ús skiede, en elts scil yn syn tint’ Wach fjuchtsje for syn sill’gens en syn heil, Dû for de foarstlike Asen, ik for ’t krús En faeks bringt God ús nea wer nêst mankoar, Mar jimmer bliuwt yn ’t herte it witten klear, Det, dêr’t sels Goaden skiede, greaters yet Gelikens winskjen brocht hat yn ús geast En det, fen ’t krús en Walhal fijân wijd, Us djipste hert, ús sibben skoep, en frjeon. Tink sa om my. Ik haw yn dy bitrou. Dû wirdst dyn goad’ne rom. Dyn hân as frjeon!
RADBOD. Núvre! dyn goedens skroeit myn hert as fjûr. Ik kom út hernen fen in skriklik wâld Dêr’t nea it ljocht troch twiich en leaven foel, En hommels stean ik mids dyn iep’ne dei, En ’k sjuch en wird net mêd dyn glâns to sjen, Mar hiel myn liif is yet biwoelle yn reach, En stjurre bloed noch klibbet read myn hier— En dû seist soks? dû kenst myn djipste striid En leaust yn my? Dû dy’t hast foelst, troch my? Ik bûg for dy. Dyn wird ûntstjert my nea. Tink net oan my as oan in weard’ge frjeon, Mar as oan ien, dy’t fier fen dy, by ’t lûd En ’t grime bearen fen d’ ûnlij’ge sé, In greate striid fiert yn syn brûzjend hert En wirde wol as dû, en den dyn frjeon, Al skaet ús sé en striid. Dû wierst my goed.
(_jowt him de hân_).
ARTHUR. Mear as de nacht skaet, bynt de libb’ne dei, Hwent elts dielt God fen syn genede mei.
(_klopjen op ’e doar_).
11. _Radbod, Arthur, Rixt Martena._
RADBOD. Hwa kloppet dêr for yn?
WACHTFEINT. In krúsfaem, hear, Dy’t oan prins Radbod boadskip bringt.
RADBOD. Oan my?
(_docht iepen. Rixt komt yn, formomme ûnder de nonne-kape_).
My brochten jo in tynge? Ik ken jo net.
RIXT. (hjar lûd tobrekkend) Gjin frjemd fornimt myn namme en heimnis, hear; Jo inkeld wirdt myn wytging iepenbier.
ARTHUR. Wachtfeinten, lied in hynsder foar. Ik gean. Twa jaen hjar mei my nei de kenings-stins, En d’ oaren biidzje Fryslân’s keningssoan. Radbod haw heil. Myn herte bidt for dy.
RADBOD. Myn dwaen scil tsjûgje det ik net forjit. Haw heil. (tsjin Rixt) Nou heart gjin frjemd jins wytging mear...
RIXT. Allinne Radbod wier myn heimnis hiem, Him song myn lûd ús swietste dreamen ta.
(_slacht de nonne-mantel ôf. Radbod sjucht Rixt foar him stean yn de dracht fen in ealfaem, it losse hier oer de skouders_).
RADBOD. Rixt! Dû! Ho komst... Hwet wolst? Hwet sikest hjir?
RIXT. Dyn hert. Ik bin fen dy. It kleasterklaed Omjowt myn jonkheit mei syn rou net wer.
RADBOD. Bist flechte? Ik swar dy, hast oertocht, hwetst diest?
RIXT. Ik hie in wearze yn ’t krús syn tsjustre tsjinst, En ’t hert wier fol fen oantins oan ús lok. Ik ha ’t hjar sein, myn langjen dat de wrâld Noch jonkheit weegre hie, wier hún for ’t krús En ’k hie in hate yn hwet my finzen hold. Hja twongen my. Oandet in hill’ge man, Dy’t gast is fen dyn heit, yn ’t kleaster kaem En ik him myn wjersin en myn ôfgriis sei. Hy sei my: Gean dêr’t dyn langjen ropt En joech myn frij my wer. Do socht ik dy, Myn herte júbljend fen myn bliid great lok, Mar Radbod, du seist neat ... dû bliuwst sa stil...
RADBOD. Dû hast ús doel forret, dy maitiidsmoarn. Hwet twong dy do ús heimnis priis to jaen?
RIXT. Myn heit hie aen. Do spriek er goed fen dy, En moed’ge my ta myld bitrouwen oan, As wier’t him goed detstû my boaskje woest. Ik wier sa bliid en op forrie net ré, En ’k tocht yn ’t hert: Us ljeafde is him nolk, En ’k sei tofolle, oantdet er wist en hy, D’ ûnsill’ge, my yn ûnk en finznis twong...
RADBOD. Mar as er nou dy easket by myn heit?
RIXT. De hill’ge man is nei him gien, for my, En spriek for my en det God’s hert gjin nocht Yn twang hie oer it hert dat oarwei woe. Do slingre er my syn flok. Ik bin forstaet. Myn âldershûs is for my ivich ta, En oars ha’k neat mear as ús ljeafde en ljocht.
RADBOD. Myn bern, en dat for my... O joech in God Nea hie myn paed dyn blanke wegen krúst, En hiestû fier fen my dyn blidens foun Yn oar great lok, fen smerte minder swier! Myn ljeafste, ik mei net nêst dy gean. Ik foel. Myn siel hat sûndge as ik net neame doar. Myn ljocht dat dy oerskynde is dwêst yn nacht En amper wraksle ik fen de hel my frij. Ik bin net dystû tochtst. Dyn ljeafde-prins Giet as in skoaijer troch de grize joun En tinkt syn skande oer, djip yn ’t hert de striid Eft nea syn siel net rize kin nei ’t ljocht... Myn rjucht op dy is wei. Ik swar dy, gean. Dû hast ien ljeaf dy’t thús heart by it folk Dat glûpske moart bidriuwt en swalkers daet.
RIXT. Nea gean ik wer nou’t ik dyn hert wer foun. Ik ken dy as de simmerwyn de mar, Dy’t brûzje en skomje kin, biroun fen grym, Mar yn syn djipten suver bliuwt en ljocht... Al stoarste fen den tsjoeds de skande-dea, Al flokte it folk dyn namme, al spei it swirk Thor’s lôge woedzjend oer dyn misdwaen út, Ik leaude yn dy, ik wist yn dy, hiel djip, In great sterk ljocht, ryk as de dei syn glâns, Dy’t aloan rize en winne en strielje moat, Al stoarmen ek tsjien winters wyld dêroer... Ik leau yn dy as yn de jountiidsloft Fol greate stjerren, glânzgjend fen klear goud, Dêr’t sims in wyld swart skaed yn woede oer strûst, Mar dy’t bistean en strielje yn ivichheit; As yn in wâld, fol spoekrichheit en skyn En driigjend swart dat nimmen yngean doar, En holle suchten út it kroanjend beamt, Mar djip dêryn in hege berch fen ljocht, Dy’t nei de iivgens sjucht en út hwaens hert De libbne streamen gean fen ljeafde en krêft, Sa leau ik yn dyn siel, sa riist se my Yn iens’me nachten yn myn dreamen foar Det ik de hannen optil nei dyn ljocht, Dat djip swart hert dat strielt fen goud ... for my...
RADBOD. Dû slachst my blyn fen lok... Myn Maitiidsblom. Dy’t my sa ljeaf is ... en ik mei dochs net... Myn bern, ús lân is hjoed myn fiet ûntsein, Ik mei net by dy bliuwe. Ik moat hjirwei.
RIXT. Hwet oarde leit sa fier det ljeafde’s fiet It net bireizgje yn ’t lieden fen hjar langst?
RADBOD. In iens’me rots is my ta wensté wiisd, Fen ’t wide oerstreamd en dêr’t de sâlte wyn De reade kliffen sels ta stiengrús byt; In keale stins mei neat as sé syn sang, Neat as de wyn syn dream en bleek stil ljocht Dat pearlet oan de loft as ienlik leed, It grym gewelt fen ’t âlde Fostelân.
RIXT. As Baldur stoar, de goadne ljeafste en treast, En drôf syn trêd de grize paden gean Nei dêr’t de siele yn stille wémoed skriemt, De diizge kriten fen de dea, de Hel, As hy dêr siet, fen tûznen skimen ien En wirch it leed út rust’ge romers dronk, Rûze ien sucht ljeavjend troch syn gouden hier, En patte in mûle myld syn wyt drôf wang, En streake in hân yn dimm’ne noed syn hân, Nanna, de blossomknop, dy’t mei him bloeide, En mei him wylge en mei him doek yn hel. Lyk hjar boat dreau oer stille Dea syn stream, Draecht ús it boat nei ’t hillich Foste-lân, En astû den fier fen dyn heitlân wei, Sjuchst nei de dreamen yn de blanke kym, En yn dyn hert, it greate, in leed dy riist, Den scilst in trêd hearre oer it grize strân En nêst dy scil hja stean, yn striid en langst, Dystû ta ljocht en glâns en godheit bist, Dy’t longre hat nei dy, dy’t dy bistiet En bûten dy gjin heit noch himel wit.
RADBOD. Dyn ljeafde wynt my wei yn dreame-ljocht. Ik doar der net nei sjen. Myn hert slacht swier, As briek it ûnder d’ oanstream fen it lok. Dû ... mei my dêr ... o Rixt ... ik ha sa lit, Ik wier sa bang, det ik gjin ljocht mear seach En stjerre moast yn ’t skaed... Siz ’t ienris yet, Bliuwstû my trou, bistû myn egen breid?
RIXT. Myn libjen is fen dy, yn ivichheit.
RADBOD. De goaden tank! Myn greate dei bigjint! Hja libje, libje yn iivgens! Walhal wint!
(_It doek lûkt ta_).
KOAREN.
Op it foartoaniel fen wearskanten seis nonnen, dy’t bar om bar de koaren en tsjinkoaren sjonge; sêft gouden ljocht.
KOAR I. Mem Gods, hwaens mylde ljeafde en noed Blank ljochtet oer ús leegre wegen, Dy’t herte noeget nei omhegen En súvrest fen it stjerlik tsjoed, Geneedge dy’t yn goudne joune Heech troanest dêr’t it deiljocht sinkt, Wylst yn dyn hier de jounstjer blinkt En glinstret ho’t leed dy woune, Lit ús yn dimnens tinke om dy Forhearlikjend dyn heil-genede, Dy’t koele treast en ljeafde en frede Jowst oer de weagjende ierd hjar tij! Dû dy’t it brûzjend stjerlik herte Heech hill’gest ta in nij bistean, Wol strieljend foar ús foetten gean, Det dwylljocht nea ús dwaen forrette!
TSJINKOAR I. My tinkt ho’t yn de heil-lânsdouwe Do’t nearne in rêst wier for dyn foet, Yn dûnkre stâlle in libb’ne gloed Forriisde tsjin de dea syn rouwe; Yn wynsels leist it hill’ge bern To rêsten; yn de krêbbe en d’ eagen Dy’t lokkich nei syn slomjen seagen, Hja strielen fen in wûnder sjen; In stjer briek troch de tsjustre loften En ljochte yn hege himel-glâns De dimm’nens fen de stâlle lâns, De wyn song sêfte heil-geroften; En knibbljend bidestû de dei, De hill’gens yn dyn great ryk herte, Dat yn dyn bern syn kening mette En lústerjend syn loksbea sei!
KOAR II. De skepers, tiisd yn sliep en dreamen Yn iensme romten, bleek fen ljocht Dat moanne’s wijing oer hjar brocht, Utskinend oer de tsjustre seamen, Skrillen fen dream en slomjen op, En hearden fiere hill’ge sangen Fen frede en lok en great forlangen, En riisden by de hill’ge rop Fen d’ ingels dy’t de wei hjar wiisden Nei ’t ljochtsjen fen hjar heil en hear, Hwaens stjerre flûnkerjend en klear Al swider oan de himel riisde; Hja knibblen dêr’t it Bernke laei; Dû seachst it, yn dyn lok bitize, En tochtst: As sa syn teikens wize Ho hearlik ljochtet den syn dei!
TSJINKOAR II. De wize kenings út de fierten, Dêr’t minsk’ne dream hjarsels ûntstjert, Dy’t iivgens drage yn hjar hert En yn hjar hier de kroan fen ’t witten, Hja, hill’ge ta Gods heechste rie, Dy’t fier oer tiid en ieuwen skôgje, Hja pylgrje nei de stâlle en tôgje Hwet yn hjar ryk it weardichst wier; Dû groetest hjar mei mylde stimme, Mar niigdest for hjar heechheit net, Hwent hill’ger wier dyn dimm’nens set, As dêr’t de heechste kenings klimme; En dreamend seachst in troan fen ljocht En witst dy los fen minske en ierde, En dochs scoe ’t blide hert dy bliede En wier dy trien en rou bitocht.
KOAR III. Mem Gods dy’t tsjin de tsjustre loft Trochflamme fen in wylde gloede, It krús seachst en it folk syn woede, En by it kriichsfolk hún en noft, Dêr’t hammerslaggen deadlik droanen En oan it krús syn holle sonk, Wylst fen it bloed it hier him blonk Trochflechte fen de stikel-kroane, Dy’t trou bleaust dêr’t de dûnkre dea Dy drige en nêst him wierst yn ’t lijen, Stil skriemend mar yn dildzjend swijen Yet tôgjend dyn ûnsizber wea— Dyn ljeafde riisde oer dead en neden Great strieljend as in iivge stjer, En djipten fen it ierdsk bidjer Hast hill’ge mei dyn keine frede.
TSJINKOAR III. Weroan is dy de dei forskynd, Do’t dof fen leed dyn siikjende eagen De hill’ge grêfsté ienlik seagen, Mar fen in wûndre gloede oerskynd; Do’t Gods forljochte feint dy mette, En wizend nei it himel-rom It heilwird wytge dat as skom Forstouwen die dyn eangst en smerte; Heech stiestû yn dyn hearlikheit Ek sels fen suver ljocht oerstriele, En út de sill’gens fen dyn siele Dreau tankbrens nei de himelheit. Dû hast it heechste heil oanskôge, De wrâld hjar treast en rêdding bean, En ljeavjend bidestû dyn lean, In glânsstjerre oan de himel-bôge.
SLUTKOAR. Mem Gods dy’t loft en driuwende ierde Oerljochtest mei dyn ljeafde-gloed, Hwaens weitsjende eagen from en froed De twiivligen wer treastging biede, Heech troanjend oan Gods rjuchterstoel Forjaende en stypjend hwa’t misdiene, Dy’t nea dyn ljeafde djip forstiene, Noch libben nei dyn strieljend doel Fen sels-forjit en offer-frede, De séen sjonge dy ta rom, De jounloft jowt dyn glâns werom, It rûzjend wâld seit dyn genede; Ljocht-hill’ge fen Gods’ iivge trou, Us stimmen júblje dy ta eare, Dyn ljeafde kin gjin dea mear keare, Dû, wûnder fen goadinne en frou!
(_Ofgong. Foar it foartoaniel sakket it gerdyn_).
FIIFTE UTKOMSTE.
1. _Bernlef, Rixt._