Part 13
(_Aldgillis, Arthur, Dagobert, jaen hjar nei hjar sit; Dagobert nimt de troansit, rjuchts fen Jûle_).
BOADE. It folk fen Fryslân hildget dizze dei En freget frij det it soks tsjûgje mei.
KENING. Wy winskje it sa. Lit it hjir foar ús stean. Ienselde heil is hjar en ús hert bean.
KOAREN.
(Opkomt in koar fen Fryske feinten en fammen).
BERNLEF. De maitiidssinne riist allinken Oer ’t woedzjen fen de winter-grym; De koele mar yn gouden blinken Tilt núndrjend yn de teare kym. De dei driuwt yn oerdize gloede De blauwe wilften steatlik roun, En d’ ierde dy’t hjar sieden noede Leit iepen, fen syn skientme woun.
KOAR. Dû ljeafde, berne yn ljochtfal fen de dei, En droegen fen de wyn Dy’t riljend fen dyn skyn, Dy meifiert oer syn wiffe dreame-wei, Det yn elts libjend hert dyn godlik wêzen riist, En, triljend nei syn gean, De minske yn wûnder langst en greate dreamen tiist Fen in fornijd bistean, Djippe Alkrêft, nea oerwoun, dy’t bynt en stjûrt Hwa’t wraksljend tsjin it noegjen fen dyn noed Syn wenten for dy sleat, Great rizend yn dyn ljocht, in libb’ne glâns Dy’t giet oer fjild en sé de fierste streamen lâns, Det alles nei dy keart—
Ho ljochtestû sa djip yn ’t langjend hert, Dat as in maitiids-blom Nei twiivlichheit en slom Syn iep’ne tsjelk ta bloei en sintsjen set! In foarse wyn fen lok driuwt dream en tinzen oer, De siele dy’t oanbidt Bûgt dimmen as in reid for dyn trochloft bistjûr Dat hjar gjin twivel lit. En wylst it hert slacht nei dyn macht’ge wil Eft dyn algodlikheit it briizlje scil Forriist yn steatlikheit Mank wijing fen dyn súvre ljochte trêft, Dy’t tilt èn siel èn tins fier oer ús ierdske krêft In dream fen ivichheit.
(_it koar giet; opkomt in koar fen Fryske manljue en frouljue, ryp fen jierren_).
ARTHUR. En wiid fen godlik ljocht oerstriele En rizend ta in heger steat, Wit elts de dimmnens fen syn siele Ta ’t bloeijen fen hjar heechheit keard; De wyn driuwt oer de blanke seamen In great ûnthjit fen wijing mei, En ’t riigjen fen de simmer-dreamen Is moarntiid fen de himel-dei.
KOAR. Yn ’t hert dat dyn genede en hill’ge seine O ljeafde, wier bisiet, En dat dyn ljocht en liet Foreare as fen God’s egen amme oerteine, Untjowt hjar mei de dei dy’t oer syn widens skynt In glâns dy’t nea forstjert, Wylst godlikheit de siel yn wize lieding bynt, En ’t ear de klanken heart Fen great muzyk dat noeget nei it ljocht Dêr’t ierdske smert noch eangst nea wanlûd brocht; Dêr riist God’s ivich ryk En ’t each dat earst God’s ljocht yn oar each seach Oanskôget nou de geast, dy’t skeppende oer hjar teach, In blanke lôge allyk.
Wolsill’ge tiid det fen God’s ryk de doar Hjar linkenoan ûntslút, En yn de siele ûntsprút Hwet nije bloei ûnthjit yn heger gloar. God plante ljeafde yn ’t hert, det hja de minske in blom Ut himels wiidten biedt, En langjen docht nei neat as it oerglânzge rom Dat sa yn heechtiid stiet. Dos, wylst it ljocht al nei de jountiid dûkt En oer de jountiidskym in froastglâns lûkt, Set yn it stjerlik hert De frucht, dy’t d’ ierde ús ta in rykdom woun, Ta fromme jefte oan God, as yn de grize joun It lêste deiljocht stjert.
(_it koar giet; opkomt in koar fen Friezen en Friezinnen, âld fen jierren_).
JÛLE. De heechtiidsglâns dy’t wâld en streamen Fen greate blidens laitsjen docht, Is dimm’ne ôfglâns fen de dreamen Fen godlikheit en himelnoft. Fen ierde’s mylde ljeafde wekke, Wit tsjin it noegjen fen de joun, It hert, fen heger hoopjen rekke Him inkeld oan God’s ljeafde boun.
KOAR. My noeget nou it lûd fen God’s ûnthjit, Dat ljeafde en heil forseit Oan hwa’t syn hearlikheit It dûrjend ljocht oer ierde’s winter wit; Dy’t oan syn ierdsk bistean mei silvren triedden boun Weromsjucht nei syn moarn, Mei ’t dwyndljen fen de glâns dy’t do syn siele omspoun, Ek stjerlikheit ûntstoarn; Him skynt in stjer oer d’ opgong fen syn paed Dat strieljend liedt troch dea syn drige en skaed, Nei ’t rizen fen in dei As’t ierde-bern hjir nea net prealjen seach, Ien libb’ne saed fen ljocht, en wolken-flues noch reach Nimt fen dy keinens wei.
Ho ropt myn siel God’s wizens ta yn tank, Det hy mei ljeafde’s krêft Us wêzen myld en sêft Untboun fen ierdske glâns en iid’le klank! Hy dy’t de ljeafde-gloar, de libbensgloede en fonk, Dy ’t herte tintljen docht, Brûkt ta syn alwrâlds-doel, en as hjar glans forsonk Us wijt ta heger nocht. Myn ljeafde, ik tink dyn swiets en heechtiid nei, En eft in simmerwyn syn dreamen sei, Rûz’t yn myn siele in liet Ta eare oan Him dy’t mei syn ljeafde-dwaen Myn ierdske gongen stjûrde oer syn forkleare baen En my syn foarhôf biedt.
(_it koar giet_).
KENING. De dei dûkt del. In sêfte wyn giet roun. Yn goud en poarper stiet de heechtiidsjoun. Nei stiltme giet ús langst. Us hoopjend hert Hat hjoed de Hear yn striid en blidens met.
(_De kening riist en giet de oaren foar; ûnder it ôfgean sakket it gerdyn_).
EIN.