Part 2
RADBOD. Mar Beppe, is den gjin inkelde útkomst bleaun? Moat wy bilies jaen sûnder striid? Bitink, It is myn libben dat dy krús-slaef brekt!
THIED. Brek dû den syn biwâld en nim dyn wrek.
RADBOD. Ha wrek! Ik scil se slaen, dat flokte reau, Dat my it hert yn domme dwyl tobriek, Se weidwaen út dit lân, mei brân en doem En kenings-straf forfolgje, yn iiv’ge grym, Hjar bylden slaen oan splinters, ’k scil mei fjûr Hjar ôfgodswente yn yeske sinken dwaen— ’k Scil suverje dit lân fen ’t ûngediert Dat Fryslâns liif tofret—nin ien ûntkomt Syn rjuchtlik lean yn Radbod’s ryks-biwâld! De lytse lefferts, falsk yn ’t gammel boarst En stitsen fen de Nazarener mich, dy’t yn In krús syn troansit seach, ik scil se slaen, Det ’t bloed hjar wiif en bern yn d’ eagen spat En lûd de goaden laitsje op Walhal’s plein, De houn scil slobb’rje fen hjar brein, de roek Pikt noch by skande-liken d’ eagen út...
BERNLEF. (smeekjend) O Radbod!
RADBOD. Swij! ik wit myn libbensplicht.
THIED. Jim feinten, gean; to swier is Radbod’s smert, Syn siele skriemt en hat fen treast forlet. Dû preester, bliuw; hwent sikersonk, ús ryk Nimt for ien donker skoftke flecht noch wyk.
5. _Thied, de Preester, Radbod._
THIED. De tiid is komd det ’k sprekke moat, myn prins, En harkje goed hwet beppe Thied dy seit; Biwarje it yn dyn hert, hwent yn dizz’ stoun Wirdt berne it komstich lot oer Fryslân’s groun.— De krús-slaef naem dyn breid. Wol fier is ’t komd Det Fryslân’s kenings-soan syn breid forliest, Bistellen fen misdied’ge dwylsin-lear, En nearne in wei fynt for syn kenings-rjucht! Wol fier is ’t komd! Ik seach s’ yn lang net, Rixt, Hjar heit, forbline, in earme gek, hat hjar Fier hâlden fen ús hôf, aloan—ik seach Se ’t lêst, do’t se op in Maitiids-feest hjar blomt Mids Fryslân’s eale fammens-bern my brocht— Mar hja wier sêft en myld, en foege dy Fen stân en bloed. Graech hie ’k hjar nêst dy sjoen Op Fryslân’s troane, in weardich, foarstlik pear: Dû, great fen krêft, strang-hearskjend, sterk fen wil, Kastijend d’ ien en leanjend d’ oar, sa’t moast, Hjar, great yn hwet elts wiif to priizgjen stiet, Yn trou en ljeafde, en ljeafde’s ried en treast. Dy dream is dea, forneat’gë; yn dyn hert Bliedt yet de deads-woun, stjelpich, gjalp nei gjalp, En faeks groeit nea dy dûnkre woune ticht— En nou, oertink hwet dy sa strymjend slacht. Hwet twong dy, heimge wei to gean? hwet krêft Twong hjar ta sels-forried? hwet twong hjar del Yn ’t kleasterhûs? hwa as de slaef oan ’t krús? De himel ropt ús, Radbod; Walhal hat Dit ûnk yn ivich oerliz dy biskern, Detst witte scoest, hwa’t de de deadsfijne is. De krús-slaef naem noch mear—sjuch roun, myn prins! Hwêr is de goad’ne soarch? hja stúnje yn grym Om’t Fryslân’s folk hjar goeddiels al forliet; Rjue eal-ljue joegen jacht en striid-nocht oer, En bûge, siik fen hert, foar ’t krús. Krektsa Wykt út hjar frouljue piid en kriich; hja gean Foardel nei ’t ôfgodshûs en moarmlje dof. ’t Fenyn krûpt alles troch—de hear, de slaef, De bidd’ler en ... miskien de kening sels: ’k Bin twiivlich oer myn egen soan. ’t Fenyn Fret alles oan: in kankrjend fjûr dat yn De woartels fen it beamte al krêft’ger wirdt, Al is it leaf noch grien, de krune swiid... O Walhal, hwet is ’t folk dat dy forlit? Ho scil ’t bistean? Scil Thor net mei syn fjûr It dylgje fen de wrâld? Scil Hela net Lûd geije fen útlitt’ne nocht, as skielk Hiel ’t erflik lân deltomm’let yn hjar tût? Ik neamde niis de kening. ’t Is myn soan, Mar ho ûntfoel er d’ âlde kriich! Stil, sêft En mijen giet er ’t deistich earleas paed, Bistriidt de striid as Frede’s ljeave frjeon; In earsum húsman lyk, sa noedet er Syn folk, ûnkeninklik yn died en skien; Hy skikt en oardnet, telt en tinkt en weacht, Is fij fen ’t swird, arbeidet nacht en dei, En ’t folk, ’t is tankber, mar it freest him net. De leffe Frank mei swiete flaikers-bek, De Friez’ne slimste fijne, neamt er frjeon En hâldt er trou en earlik as him sels; En ’t alderslimste—ik húvrje as ’k bitink Hofier dizz’ soan syn heit en my ûntrint— De dwylsin fen it flokhout lit er gean, En stadich trochkankrje yn ús erflik lân. Ien ding is my ta treast—noch is it hert Fen Fryslân soun. Dat hert bistû, myn prins, Nou prins, mar ienkear kening oer dit gea, Dû Radbod, yn hwaens liif iksels wer riis: Yn dyn each sjuch ’k myn egen each; dyn hert Brûz’t wyld, lyk mines eartiids die, dyn moed Forflokt de krúsge slaef, as mines docht. Op dy bitrou ’k. My neamt men faeks al âld, Myn paed bûgt del en ’k trêdzje nei it grêf, Al is it liif my soun, it each my klear— Mar dû bist jong en ienris draechst de kroan. By dy rêst Fryslân’s lot—bist sleau en têd, ’t Scil sinke yn tiid’ne djip forjit; bist sterk En dochst dyn kenings-plicht, ’t scil foartbistean. Nou freegje ik dy ien ding, myn moed’ge prins; En troch myn mûle klinkt ek Walhals winsk, Sprekt Fryslân sels, klinkt deade helt’ne wil, Ja, sprekt de faem dy’t men dy stiel, dyn Rixt: Swar my in hill’ge ied by Odin’s haed Fen iivge striid tsjin ’t flokte krús, tsjin ’t skaed Dat út it Súd ús lannen dekt yn rou; Unthjit my hill’ge, iivge kriich, salang De krêft dy bliuwt, tsjin ’t kankrjend krús-fenyn, Net rêstend ear’t dit lân wer jeuchlik bloeit Yn fromme goade-tsjinst en Walhal ear’t. Dit iene freegje ik dy; myn prins bist ré? Bitink hwet men dy stiel, bitink hwet ûnk Al spielend oer ús fruchtbre ikkers streamt...
RADBOD. Genôch, foarstinne: ik bin ta d’ ied biret. Jy wiisden my myn keningsplicht: iksels Hie ’t al as boi sa sjoen. Jins wird wier wiis En tsjûget suver ynsjuch, ljeafde, en krêft. It krús ef Odin! Odin is myn God En ’k scil it krús tobrekke yn earmtlik pún Mei Walhal’s help, al bliuwt net ien my trou As hja dy’t gean’ yn Asgard’s wûndertún. Men briek myn hert dat minsklik wier; mar ik Scil brekke it hert fen dy ûnkrêft’ge God Dy’t stoar oan ’t krús en my myn breid ûntstiel. O Rixt, o Rixt! hwet wier dyn each my ljeaf, Ho weage yn goudne glinsters ’t hier dy dol, En nou bist finzen, skielk bist dea, en ik, Ik libje troch en longrje nei myn wrek— Dû preester, nim my d’ ied; hwent ik bin ré.
PREESTER. Swar den by Odin’s haed, dy’t kening is En wâld hat èn oer goad’ne èn minskewrâld, Hwaens glânzgjend each net oersjucht, en hwaens ear Elts lûd op ierde, yn loft en sé fornimt, Dy’t alle tins forstiet fen stjerlik hert, Swar dû den by syn haed him trou, det hy Aloan yn dy in treftich tsjinstfeint fynt. En ast him hâldst, dizze ied, den wêz dyn diel In kenings-libben, ryk oan rom, in dead As fen in helt, in plak yn Walhal’s stins, Den neamt de neiteam dy yn djip ûntsach Wylst barden dy bisjonge yn iiv’ge tael En bliid dyn geast mids hege kenings toevet; Mar hâldst him net en brekst dizze ied, den bist Forflokt yn al dyn dwaen, yn eltse stoun, En stoattljend scilst mids minsk’ne klibers gean, Forstaet fen minske en god yn ivichheit; De wriggen scil dy nytgje yn dyn dead, Yn Hela sinkt dyn siel ta iivge straf, En d’ egen bern scil spije dêrste stoarst, Omdetst forrieder bist by minske en god. Prins, Odin heart—doch dû dyn hill’ge ied.
RADBOD. By ’t haed fen Odin, hearskjende oer de wrâld, Oer loft en ierde en sé, oer minske en god, Swar ik in hillige, trijfâld’ge ied: To tsjinjen Him en Walhal’s goade-boun Salang de krêft myn hert’ trochstrielt, it bloed My waerm en libjend is, as feint en frjeon; To dylgjen hwet syn alkrêft tsjinstean doar Mei flokbre tael ef yn godleaze died, ’t Sij jong fen krêft ef griizjend yn de jeld; En ’t measte dit: de krús-god del to slaen Mei elts dy’t him skewielt, to rêsten nea Eardet syn wirdt forspein wirdt yn dit lân As leffe dwylsin-tael, allyk as ’t is— By ’t haed fen Odin swar ik dit: ik bin Yn ivichheit syn fjuchtersmaet en frjeon, En stride scil ’k, det hiel dit lân ien went Wirdt fen syn hearlikheit en iivge trêft, Ien timpel fen syn hearlikheit, de rom Fen Odin’s boarst, de nocht fen Frigga’ each.
THIED. (yn jubel) Jim goaden, hear! Fen nijs forriist jim hûs! Ho bin jim mûrren blank, jim hôven prûs! Nou giet oer Walhal laitsjend Maitiidsljocht, De roaze bloeit, de harpe sjongt fen nocht. Meast wûndre moarn! Dyn ein is as ’t bigjin, Unthjit op heechtiid, tael fen keningsmin; Mar iivger as it wird oan ierdske breid Sei Radbod jim. Nou stiet jim ivichheit In rots lyk yn forwoed’ne sé, nou giet Oer Walhal’s plein in júblend elfe-liet, Hwent Walhal, Odin’s wizens, Fryslân woun, Ring sinkt it flokte krús yn spjalte groun— Gean, preester, gean, en bring ús goaden tank Mei ’t bloed fen offer-djier en harpe-klank.
6. _Thied, Radbod._
RADBOD. Foarstinne, foechsum wier ynbann’ger nocht, Al riist ús ryk ek skielk fen nijs, myn hert Is stoarn yn my en ’t deiljocht is my wreed...
THIED. Wier, ik forstean dyn smert! Mar dû, forstean Myn nocht, myn wûndre nocht... Myn bern, dû witst Net hwet ik litte yn hwet nou stoar, net d’ eangst Dy’t my ’t heech herte jeije en húvrje liet, Al bliuw Forhoping’s twiivlich ljocht my by, Nou dijd ta ien great mar fen glâns... ’k Ha woun Sa great as ’k hast net tinke doarst—nou stiet It komst’ge fêst, nou bloeit fen nijs dit gea, O Radbod, ’t moeit my sa, mar ’k bin sa bliid...
RADBOD. En ik bliuw ienlik yn myn leed. ’t Is goed; ’k Bin sterkernôch en ’k sjuch hwet Walhal mient Dy’t wille oan jeld en rouwe oan jonkheit brocht, Elts nei syn krêft; myn maitiid stoar, fordet Myn froast de gift’ge krús-blom deadzje scoe— ’k Bin wirktúch yn de hân fen ’t lot. Woloan, Net ik scil dûke yn krêftleasheit, myn macht Scil ’k brûke neffens foarst’ne rjucht en wet, It iennichst nocht dat d’ earme Radbod bliuwt...
(_Stoarm. Tongerslach_).
THIED. (kjel) By Odin, hear dat bolderjen! ’t Is in stoarm!
RADBOD. Niis-krektsa stiek de wyn al op. Ik heard’ Im gûlen, brûzjen by jins wûndre tael, De wijing fen myn ied. Ha, wolkom, stoarm! Dû foegest nou it bêst my as myn maet, Ho reagest ût de hôven ’t deade hout Dat nije bloei bihindret! Driuwst de kloft Mistreast’ge wolkens fen de loft net wei, Lyk Thor eartiids it reuze-skaei bistried? En den, dû bist sa lûd en fol fen leed...
7. _Thied, Radbod, Jûle._
JÛLE. Prins Radbod, Mem...
THIED. Hwet bringt myn dochter ús, In wird fen leed, in útring fen geniet?
JÛLE. ’k Bin twiivlich, Mem ... noch jeit it bloed my fel As ’k tink oan hwet myn stjerlik each niis seach... Ik wit it net ... mar ’k leau, ’t is ûnk, ’t is striid...
RADBOD. Ha! hokker?
JÛLE. ’k Wit it net ... fen skaed tsjin ljocht, Fen âld tsjin jong, fen ’t nije tsjin hwet sonk... Ik wit it net ... ien wûnder wier de loft...
THIED. Siz hwetstû seachst! Rin sa oerstjûr net roun, In skip dat stjûrleas driuwt nei waer en wyn!
JÛLE. O ’t skip, dat skip! As ’t sonken wier... Mar stil, ’k Scil ’t sizze ... al scoe ek waerljocht slaen myn each... Mem wit, do’t Bernlef kaem, joech ik my ôf, ’k Moast gean, al wist ik net hwerom. Myn siel Wier tiisd yn ûnrêst, fol fen dûnkre aen, Dy’t my bineare as wier der ûnk op til— For rêst roun ik de hôven yn, dêr’t sêft De moarnswyn, stil de krune omhúvrjend, song; Ik socht de terp, mei line en iik bigroeid Dy’t útsjucht op de sé, det myld myn moed Hjar rêst wer woun by ’t amjen fen de wyn En ’t blauwe glânzgjen fen de iivge sé. Stil wier it dêr; gjin blêd forweechde, stil Det ik noch eangstiger, net amje doarst— Yn blanke fierte sylde in steatlik skip, Sêft driuwkljend mei it opjaend wiet, en ’t wier As boun ’t yn frjemde tsjoen myn eagen fêst; Wyt-strieljend blonk it seil, mar—wûnder wird— Dêryn dêr flûnkre en blonk in great blau krús...
THIED. Alwer! de pleach fen ’t Noard!
RADBOD. En sonk it skip?
JÛLE. Myn each seach mear oan jinsne wester-kym; De loft oer roun in goud’ne glâns, det hiel Dy kym stie yn in tsjoenend ljocht; fen ’t east Kaem dûnker op, dat ring de sinne oerdiek. Neat as dat blank ljocht yn it west; en dêr Forskynden my, wylst sêft en fier geklang Fen harpen, floiten, taweve op myn ear, Rjue ljochte wêzens, sweevjend yn de sé Fen ’t bleke ljocht—Walkyren lyk, mar dôch Yn blanker trêft, mear myld en kein fen foarm; Mank hjarren gyng—ik húvrje nou’t ik ’t siz— In wirch mêd man, bloed klibjend op syn klean, In bloed’ge kroane op ’t haed: hy droech in krús...
RADBOD. Biroun de loft alhiel?
THIED. ’t Is dwylsin-praet.
JÛLE. ’t Is dwylsin, mar ik _seach_ it, ’k seach it dochs— It bleau mar koart. It dûnker strûsde rêd Oan út it East en diek de loft alhiel Safier dy bôge oer d’ ierde, leadich blau; Swart laei de sé, goar, tsjuster as in hel, Syn amjen hold er yn. Oer ’t wetter roun In njoere griene glâns; de weaze en ’t wier Dy driuwklen op en swommen op it wiet; It skip mei ’t krús hime oer de wrede sé En swaeide roun...
RADBOD. Mar sonk it? Siz it dochs!
JÛLE. ’k Bin bang fen al ... ik mien, ik tink fen al Mar ’k wit it net. It rommle rou yn ’t Súd, De wearljocht knett’re flits nei flits; de sé Stiek skûmm’ge koppen op, de rein sloech del. Ik flechte troch it hôf wer nei de stins, Yn lijte fen it kroanjend wâld; ik roun Sa rêd ik koe, it poarte-hôfpaed lâns— In gleone ruter stou my wyld foarby Det my de weaze yn ’t antlit sloech; hy rôp My yet hwet ta, ’k forstie it net—mar ’k seach Yet krekt hwa’t wier: ’t wier Keimpe Martena.
RADBOD. Thor, Thor! Hwet skrikbre hún! De dwaze slaef Trún’t my yn d’ egen stins ta deaslach oan!
JÛLE. Hy fjouw’re wei. ’k Roun nei de hal; dêr stie Bleek, rjucht, yn d’ eagen greate en swiere grym, Yn dûnkre finsternis de kening sels— Hy wonk my foart to gean. Do flechte ik hjir.
RADBOD. Myn Beppe, hoop riist yn myn hert. Myn Heit Scil heard ha ho’t men mei misdie: syn moed Is riisd yn grym do’t er dy hún fornaem— De kening scil my stypje mei syn krêft Tsjin Martena; grif hat er dy fordreaun, Grif scil er my myn breid, myn Rixt wer jaen...
JÛLE. (yn hjarsels) Ho’n wreede klearens oer dit riedling riist!
THIED. Myn soan, byn yn. Forwachtsje nea de dei Eardet de moarn al gloede oer d’ ierde laei. Lûd gûlt de stoarm; der riist to wyld in tiid For leffe frede sûnder bloed’ge striid: Nin hope op ljocht, nin dûrjend lok, as net Us hân net it stiel staet yn dat ûngods-hert!
BOADE. Kening Aldgillis kindget jim syn komst.
THIED. Hy is ús wolkom. Lit him yn, en gean.
8. _Thied, Radbod, Jûle, Aldgillis._
ALDGILLIS. Mem Thied, det Walhal jo hjoed seingje mei!
THIED. Syn ginste bliuw myn soan, de kening by.
ALDGILLIS. Tank for dy winsk. Ik haw se brek, dizz’ moarn.
THIED. Mear as trochstrings?
ALDGILLIS. Ja, sikersonk, Mem Thied! Myn keningskip weacht my dizz’ moarn swier— Niis Radbod, frege in Kristen my to wird: ’t Wier Keimpe Martena.
RADBOD. Hy wêz’ forflokt, Dy glûpske tsjeaf, dy’t my myn breid ûntstiel, En Rixt boaske oan de krúsge slaef—wis Heit, Sa’n trêftich sweager mei er greatsk op wêze!
ALDGILLIS. Myn soan, dû dochst him ûnrjucht yn dy tael. Hy, sels ek heit, stie yn syn rjucht; hy moast Hjar ’t bêste siikje. En tocht er, Rixt hjar plak Wier earder yn it kleaster as nêst dy, Net ien dy’t him dêryn bihindrje koe.
RADBOD. Tinkt jo den Heit, men mei sels Fryslân’s prins Ofsteegrje for in krúsge slaef?
ALDGILLIS. As dy Yndied de God fen ’t wrâldal is, den wis.
RADBOD. Jy sizze dat yn earnst, Heit? bin jy siik?
ALDGILLIS. Swij, Radbod; Fryslân’s kening sprekt dy ta. Ik rekk’nje dy dyn rouwe tael net oan— To swier bist yn dyn leed bitiisd. Ik ken Dyn greatsk en brûzjend hert—it wier for dy In skrikbre hún, ’k forstie it daelk. Nea hie’k Dy praten heard oer hjar—mar ’k wit forfêst, Dû ljeavest hjar mei hiel dyn sterke siel’, En dos is great dyn leed en great dyn grym. En do’t niis Mart’na foar my stie en sei Hwet jimme doel west hie—ek hy wier lûd En bitterder as wiislik wier—do’t hy It wird my die fen jimme ljeafde en langst, Hostû him hast syn bern ûnthelle hiest En oan dy boun ta iivge trou, do gyng Syn grym myn hert foarby, mar ’k seach dyn leed, En hast hie ’k winske, it opset wier dy lokt. Hwent Radbod, wier, dyn heit wol graech dyn bêst, En hy forstiet ho’t dit dy nei gean moast...
THIED. Hwet keart myn soan den yn dit iivrjen tsjin?
ALDGILLIS. ’k Haw swierder plicht, mem Thied. Dit lân, dat ik Nou tweintich jier bistjûr nei bêste krêft —Al haw ik faken mistaest yn myn dwaen— Dit lân, sa swiid yn simmer’s glânzich ljocht, Bliuwt jimmeroan it earst myn noed bitroud En d’ earste soarch is oan syn wolstân wijd. En wier, ús tiid is swier, mem Thied: fen hwet Us âlden ’t neist laei oan ’t hert, hwet hjar It hillichst wier, by libjen en yn dead, Sinkt folle wei, ta jeld en delfal keard; Nij blomt’ riist út de bloeiende ierd’ omheech, Yet frjemd fen glâns en nij fen rook—wy bin It net biwend en hawwe it egene ljeaf— Mar ’t riist omheech yn mennich hert, it tsjoent It minskdom mei yn ûnwearsteanb’re dream, It wirket striid, fen nij tsjin âld. Det dy Bisletten bliuwen mei yn elts syn boarst! Noch is dit lân, al brûz’t it yn syn hert, Yn flokbre broerre-striid net spjalte en skoerd: Dat foar to kommen is myn kenings-wyt.
RADBOD. Hwet docht men, Heit, as syktme in minskeliif Mei dea bedriget? Seit men den: ik scil It sike en ’t soune hâlde yn frjeonskipsboun, Net dildzjend det men striidt tsjin ’t kanker-fjûr? Ef dit: ik taest it kwea yn ’t woartel oan, Ik roegje it út, ik snij it siik flesk wei, Sa’t inkeld bliuwt hwet soun en libjend is?
ALDGILLIS. Dyn wird wier wiis as ’t nije in siiktme wier.
THIED. Bitwiivlest dat?
ALDGILLIS. Ik wit it net, Mem Thied— Mar ’k neam net in siiktme. Ik sjuch dêryn Rjue goed en greats, dat ús birykje kin, Us rouwe seden sêftsjend, oer ús moed In webbe spriedend fen genede en lok. Ho ’t wêze mei, ik kies it ien noch ’t oar: Ik stean dêrboppe en soargje it earst for ’t lân Det gjin ynwindich skeel syn krêft toknoeit En dat de striid fen âld en nij, ho djip En mânsk, yn freedsumheit folstriden wirdt. Ditselde, Radbod, seach ik jerne yn dy, Nou prins, mar ienris troanjend op myn sit; En dêrom—ho’t ik ek dyn smert forstie— Dochs wier ’t my leed, detst sels net ynseachst, ho’t Dyn plan fen Rixt to ûntheljen oan hjar heit, Us lêst brocht hie, it lân yn fjûr, De miich tsjin egen miich yn striid, it ryk Staet yn in sé fen ûnk: ’k mispriizgje dit. Boppe oandriuw fen it wiffe, ierdske hert, Safaek dat twingt ta striid fen Fries tsjin Fries, Moat ek by dy de noed for Fryslân gean. Unthâld dat goed myn soan, en doch dêrnei.
RADBOD. Sa bliuwt den Martena jins earbre frjeon, En Rixt fortreaun yn ’t moassich kleaster-hûs?
ALDGILLIS. Dit haw ik Mart’na sein (ik siz ’t ek dy, Hwent ’t is myn wil, dy’t nimmen tsjinstean scil As ta syn skea en efterneisk birou): In heit hat frij to soargjen for syn bern Lyk ’t him it bêste tinkt, nei plicht en rjucht; Sa hat ek Mart’na frij, en nimmen scil Him yn myn ryk bihindrje yn syn kar, Dêr’t hy it bêst wol for syn egen bern. Dêrnei is Martena yn frjeonskip gien, En ’t skeel is wer bisljuchte en dea. Mar, soan, Lit nea soks troch dyn tadwaen wer ûntstean: It famke Frede is skruten, ring fordreaun, En gauwer gien as komd—oertink tonei!
RADBOD. Elts wird dat jy my sizze is my in hún, Sa wreed, sa min det ik ’t net neame doar; ’k Bin machtleas nou en ’k jaen my del: ik swij— Mar yn myn boarst bliuwt elts leed my by, En ienris komt myn tiid; wit dit, myn heit!
ALDGILLIS. Bidrigest my?
RADBOD. Net jo; hwent Walhal seit, It bern is flokt dat tsjin syn âlden stiet— Mar lit de Kristnen rilje by jins dea, As Radbod Fryslân’s keningstroan bikliuwt!
ALDGILLIS. Dû dwilest!
THIED. Dwilestû den ek mar sa! Ik húvrje as ’k nei dy hear, myn soan; dyn tael Is twiivlich yn elts wird, as wierst forlern For minske en God, út Walhal’s keamers dreaun. De hill’ge paden jowst dy ôf; yn ’t krús, Us goad’ne greatste fijne, sjuchstû goeds— Wé, wé! Hwet baet dyn krêft, dyn keningswird, As Walhal sels dy ôfsnien hat?
JÛLE. Myn broer, As Odin dy forsmiet en Kristus hie Dy oannomd as syn feint, hwet hiest forlern?
RADBOD. Sa taest de kanker ek de kening oan; Sa leit myn moei wer balsem op de woun’— Wêz hjirfen wis: skielk barnt it boarst fen nijs En net yn ivichheit jowt Odin krûd.
ALDGILLIS. Iensyd’gens is ’t dy’t jim sa praten docht. Jim haww’ aloan yn Walhal’s tsjinst forkeard En fregen nea hwet Kristus lear bistjut— Mar hearsket Odin as de heechste god, Den blinkt syn krêft yet klearder út, sadré’t Men yn de Kristne leare dwylsin fynt; En hat de Kristus wâld, den is de tiid Oan Odin’s tsjinst en eare jown, forlern. Gean nei en ûndersiikje elts wichtich ding, En hwetst den as it bêste fynst, nim ’t oan: Sa rikt dyn ierdsk bistean de iivgens ta.
RADBOD. Sa hy dy’t krûden kiest en giftich blomt Dat haechlik rûkt en tsjoent yn sike glâns, De kar jowt boppe it dimm’ne blomt, dat hiel’t.
ALDGILLIS. Genôch, genôch; hwent myn bislút stiet fêst. Oan Ing’lân’s kening, myn fornimst’ge neef, Stjûrde ik in boadskip oer de Krist’ne lear Dy’t ik bigripe en ûndersiikje wol, Eft preester Wilfrid, yn syn bloeijend lân It meast forneamd fen witnis en fen wird, De moeis’me reis bistean woe oer it wiet —Nou wyld fen stoarm en bearend as de dea— Om ús de nije lear to wytgen, det Ik sjen hwet ’t bêste wier en kieze mocht.
RADBOD. Sûndige winsk! Mar Heit, ek Odin giet De minsk’ne twivel-wei mei wizens nei— Faeks sonk it skip oan Fryslân’s woedzjend strân En hat ús wiet it nije wrâldljocht dwêst, Eardet syn glâns gyng oer ús âlders gea!
ALDGILLIS. By Odin, hwet wol dit?
JÛLE. ’k Seach niis in skip, In great blau krús yn ’t strieljend seil—it dreau Us strannen ta—mar ’k haw it ein net sjoen, It waer dreau my yn hûs—mar ’k eangje swier, De sé wier grym, ús goaden bin sa wreed...