Chapter 12 of 71 · 116 words · ~1 min read

XII.

Ik kaem en riisde, in stjerre yn neinacht-moarn As dizen bleek it wirge mêd oerdriuwe; Myn glâns is klear en wyt fen dream, hjar kliuwen Is strieljend as it stiente út kenings-kroan’.

Men wijt hjar liet en bea, en ropt hjar oan As scoe hjar ryk de tiid dy’t fljucht oerbliuwe— Skielk riist de Dage en oer syn haed scil wiuwe It poarper, fâldzjend út syn goud’ne troan.

Den is myn dreame-glâns as raend en wei, En júbljend scil dit folk in kening earje Hwaens ljochtsjend each oerglânzget moarn en dei, Net ien mear kin _myn_ stjerre it paed forklearje...

Net ien as dy. Hwent heech, ús sinne ûntdreaun, Bist nei myn greatre sinne langjend kleaun.