VII.
As mêd de jountiid leit oer daujend gea En ’t lânfolts nei de klinten teach, en tear Oer d’ iepen mieden klinkt, forkleare en hear, It silvren let fen stille jountiids-bea,
Den riis ik tankjend op fen ’t rûkend hea En jow my nei it tsjerkje ta, dêr’t klear It Angelus út weiklonk, God ta ear’, En ’k wit, ’k bin lyts en dochs wier ’k greater nea.
En yn de hern’ dêr’t troch biskildre glês It ljocht as bloed falt op in stien-blank krús, Dêr knibblje ik del en stamm’rje in tankjend wird.
Him staette yn ’t hert de wrede wrâld hjar mês En Hy forjoech ’t... En ’k longrje nei it thús Dêr’t Him en hiel Syn foltsen heil bean wirdt.