Chapter 41 of 71 · 114 words · ~1 min read

I.

Ho leit it fjild sa stil... Biferzen mieden, Wyt-glinsterjend fen silvren rym, en stiif, Dy kreakje dêr’t ik gean. It winter-wiif Hat, fier fen iiz’ge troane, wâld oer d’ ierde.

Ho falt it ljocht sa gril! De wolkens bliede Mei streamen rea út hjar forstive liif: In winter-dei stjert ier. As earm geriif Barnt út in stâlle in ljocht, en klokken liede.

Hjir op dit ienlik mêd, yn jounske strielen, Stean ik to dreamen by hwet blanke skiep, Ien leit der nêst myn fiet, as koe it fiele Myn kleare dream, en rêst yn fromme sliep.

Nou tinke om dy! De moanne riist allinken En ’k sjuch de sinne oer ’t sniewyt doarpke sinken.