XIII.
As ’k dea bin, wis, den sjongst in hearlik liet, Det hiel de wrâld forstive stiet fen smert, En wer ûntweitsjend, lústrjend seit: dêr let In klok aloan fen in to frjemd fortriet.
Den bringt men dy oliif en drúf; ien biedt Dy, earme sjonger, ’t bloed oan fen syn hert’, ’t Lûd fen syn siele in oar; en elts bidjert Dy sêft mei jeften om dyn yndrôf liet.
Mar dou nimst neat mear nei dy: dou bist bliid As ’t bloed dy fen dyn soallen rint, as ’t each Dy diiznich wirdt: sa komt dyn lêste tiid...
Myn holle omspint de Dea mei rust-brún reach, Yn griis klaed sit ik stil by ’t Deade-wiid, Det blyn slacht hwa’t syn weagen skûmjen seach.