XI.
Dy haw ik sein hwet op my weacht: it lêst Hast fen gjin ien sa field, it frjemde lok Det inkeld ik hjir wit, myn laits om sok In heimich ding as d’ ienris iivge rêst.
En nou: scilstou forstean? My pleagen drok Hwa’t my as ljeafsten gouwen: sterk en fêst Droech nimmen ’t jok yet fen myn ljeafde, en dwêst Waerd nea myn langst, myn ljeafde mear as flok.
Dit is hwerom ik gean, in prins sa ljocht: Det nimmen lijt as ik, om’t nimmen socht De stien, dy’t flûnkret yn it hert’ fen d’ ierde.
Dit is hwerom ik bûg, in mûnts sa leech: Nimmen seach mei my yet, dêr jinsen, heech De blauwe glâns, dy’t al myn dreamen sierde.